Yn Japan ite se hynstefleis. Yn België ek, al doare se it dêr sa net te beneamen. By ús wurde jo sa njonkelytsen as krimineel beskôge as jo allinnich al fertelle dat it sa’n 35 jier lyn grut feest wie as ús heit ris mei hynstefleis thús kaam. Wêr’t er it wei hie wit ik net, wêr’t it hjoeddedei noch te krijen is alhielendal net. Us hapkes binne ingeltsjes wurden fan Griet Wiersma besongen.
Maneezje. Romme, skjinne boksen. Binnenbak. Bûtenbak. Lessen. Sealkeamer. Aardige froulju (de measten). It is in wrâld op himsels dy’t foar in grut part in eksakte kopy fan de maatskippij is, al kipet it rabjen der wat út.… Lês fierder
