Anne Feddema

Depresje

logo.ensafh

Depresje, as njonkenaktiviteit of depresje as boarne foar myn keunst?

In fleurich begjin fan in kollum fan in kwasi-filosofyske Freud fan Fryslân, sille jimme no wol tinke. En it is fansels ek gjin ûnderwerp dat bedoeld is om net mear by te kommen fan it laitsjen. In skoftke lyn is in hiel goede freon fan my ferstoarn. Ien dêr’t ik de lêste jierren in hiel goed en djip kontakt hie. Wy dolden om yn ’e geast, oer keunst en fan alles en noch wat. Nei in hiel skoft siik wêzen en mei gjin ferbettering yn sicht foar de takomst fûn er it genôch en hat er besletten, om sa’t er sels sei, de stekker der út te lûken.… Lês fierder

Klaas Rusticus

No ha wy de hichte

logo.ensafh

Noch mar in pear wike ferlyn lies ik yn in krante-artikel wurden dy’t ik earst oersloech, letter weromsocht en der doe sa lang op stoarre dat se ûnskerp waarden en dizich. De wurden setten har fêst oan ’e binnenkant fan ’e tinkholle en bleaune dêr hingjen.

Ut Nederlân wei sjoen draait de ierde mei in faasje fan in bytsje mear as 1000 kilometer yn ’e oere om harsels hinne. Tagelyk draait dyselde ierde mei in faasje fan 107.200 kilometer yn ’e oere om ’e sinne hinne, dat is sa’n tritich kilometer de sekonde. En ek tagelyk draaie de sinne en har omjouwing (dêr’t wy ek ta hearre) om it sintrum fan ús molkenpaadstelsel hinne.… Lês fierder

Henk Nijp

Skilder Bolognêze

logo.ensafh

It wie bar kâld foar de tiid fan it jier doe’t wy yn ’e wyn op rjochting Belvédère rûnen. Dat waard doe’t wy ien kear yn it museum wiene gelokkich wol oars. En dat kaam net allinnich troch it grut tal besikers dat der omstrúnde. Yn de grutte seal dêr’t de skilderijen fan Giorgio Morandi hingje, want dêr wiene wy, wurdst fuort al waarm fan de kleuren dy’t de keunstner brûkt. Hy wie Italiaan fan hús út en, soest hast sizze: dat kinst oan syn palet fernimme, as dat net sa’n klisjee wie. De ierdetinten oker, read, sienna, it blau fan bergen yn ’e fierte en salmrôze, kleuren dy’t Italië as thúsbasis ha, sis mar, wurde yn hast alle skilderijen brûkt.… Lês fierder

Lomme Schokker

‘Dei en jier bewarre ik wûnderlik begear’

logo.ensafh

Sechstjin, santjin jier wie ik en fol Sturm und Drang. Bûtendoar doarst ik neat, mar thús op de jongeskeamer koe en woe ik fan alles. Ik dreamde ûnbestimde idealen, lies boeken foar myn literatuerlisten, sammele de kleurichste Spaanske sinesappelpapierkes foar yn in skuondoaze en typte de aldermoaiste gedichten oer. Dat wol sizze, de gedichten dêr’t ik wat fan snapte. Inkeld dy gedichten binne bleaun, folsleine gedachten fan ûnbesprutsen begear.
Ik blêdzje troch de blauwe multomap út myn oankommelingstiid, se lizze taal by taal en op alfabetyske folchoarder fan de dichter. Fiif fersen fan Obe Postma wachtsje my op, tusken Leo Popma syn ‘Blues fan de sûndfloed’ en Rixt har ‘’k scil foar dy sjonge’.… Lês fierder

Henk Nijp

Hurdkoppen mei waarm bloed

logo.ensafh

Ut ’e skroeven wie direkteur Chris Kallens fan it FRI-ESM-USE-UM mei de YOU-2 Award. “It fielt krekt oft dizze priis in Oscar is,” sei er! Prachtich fansels dy ‘Global Fine Arts Award’ (GFAA). De winners waarden op 9 maart bekend makke op in grut gala yn New York. In grutske Kallens naam syn ‘Oscar’ yn ûntfangst mei as omsittend laach in nijsgjirrich selskip fan keunstpommeranten út alle wynstreken en kollega-direkteuren. Dêr boppe op it poadium hat er grif stikem even tocht: ‘Yes, Me-2!’ Nachts bleau it noch lang ûnrêstich yn ’e stêd. Mar wy witte no dat Kallens wol wat ha kin, want sa seit er yn de Ljouwerter Krante, hy hie de oare deis gjin kater.… Lês fierder

Marcel Plaatsman

It akwarium

logo.ensafh

Foar it Biermuseum fan Alkmar oer, dêr’t ik wurkje, is in akwarium.
Dat akwarium is eins in kantoar. Ik neam it sa, omdat it gebou oan alle siden ruten hat, sûnder gerdinen of eat oars dat de eagen tsjinhâldt. Yn it akwarium wurket in tal famkes fan itselde type: ljocht hier, lange skonken, hege hakken – dat se moatte wol oannaam wêze troch ien mei krekt dy foarkar, allinnich sjoch ik dêr nea in fint.
Dy wurket net yn syn akwarium, fansels.

Dy hege hakken falle in oar net sa gau op, mar sels bin ik der tink ik wol gefoelich foar, en ik ha dy skuon ek fan tichterby sjoen.… Lês fierder

Lomme Schokker

nei de dea de dream

logo.ensafh

nei de dea de dream
by de fiifde stjerdei fan tsjêbbe hettinga

it requiem fan de yn tiid kremearre dagen
skriuwsto yn it fers ‘dream en dea’ -side 94 it faderpaard– dat slacht op verdi syn messa da requiem in oerweldigjende skepping dat hiel sêft begjint mei in skruten fersyk om ivige rêst en ljocht requiem aeternam dona eis mar dêrnei mei in enoarme tongerslach op de grutte tromme orkestraal bolderjend fuortset ûnder in dûbeld koar dat ús oerfalt mei de wurden dies irae dei fan lilkens de dei dat de wrâld ta jiske fergean sil de dei dat al ús foarbije dagen opbaarnd binne de dei datsto yn it oansjen fan de dea wachtsje moatst op it ûnûntkomber oardiel oer dyn ûnheil dat heil wurde moat dat fansels dizze muzikale doem
spûket ûngrypber yn de spylhoalen fan it oantinken
man do wiest noch in tweintiger doe’tst dit skreaust wat koesto doe witte fan besiking en ferflokking en fan de ûntsachlike djipten fan minsklik leed wylst ik gjin dichter op dy âldens pierewaaide yn earste leafde en fêste baan en noch fan dea noch fan verdi noch fan dy wist yn in tiidrek dat wy beiden besochten lyk as
tûzen-en-ien-bern allegearre út deselde berne
as besibben betiisd en fol naïvens mei hoarten en stjitten in takomst foarm te jaan do tichter nei dyn dichterskip en ik beropskarriejouwer fan profesje dy’t dwaande wie test-en-ûntest oaren in bestimde rjochting te jaan op ûnbestindige wurkpaden en hooplik
binne geasten nea grut wurden sa’t de minsken my meitsje wolle
want wat heit mem omke master by it jongfolk meitsje wolle is faaks it betterwittend tekoart yn harren sels en dat makket wêrom’t ik lytsboargermantsje keunstnertsjoenders as verdi hettinga bach shakespeare dante en safolle oaren nedich haw ja do ek tsjêbbe omdatsto yn myn eigen taal my in skimme fan in djipgong joust dy’t ik fan myn libbensdagen net omskriuwe kin sa as
it requiem fan de yn romte fergongen lytsens hat gjin fêste oere of spyltyd
man hjir beneamst ûnder dizze ûnierdsk moaie en bytiden swiere muzyk myn ûnbenulligens net as in deltrape neatichheid mar as in lytsens mei in kearn mei in eigen romte dy’t bliuwe sil hoe fergonklik ek ûnder de benearing fan it rex tremendae ûnder it labindige lachrymosa ûnder it heldere sanctus ûnder de himmelske agnus dei en
hieltyd stilder en langer wurdt it sûnder de romte te berikken fan wissens en wierheid
want ek dyn klankspul fan rym en ritme jout my fers en foarm oan de ferstilling en de ynlikens en it fertrouwen yn it lêste libera me in gebed troch verdi de agnost sa yntins ta libben brocht dat sels wy dy’t leauwe yn in los-fan-god bestean hast in dizich ferheard wêzen gewaarwurde mar do âlde rot nochteren fries rebelske jongen ferwaaid yn de greiden do silst noch fjirtich jier trochgean mei it omdichtsjen fan wissen en wierheid en dochs en dochs komst no op dyn fiifentweintichste al rekwiemearjend mei in
rêst sêft myn dream
want sels de wichtigste fan dyn dreamen moat ris rêste wylst nije dreamen alweroan opbuorrelje en sa hiesto dyn dreamen en ik hie mines en verdi syn requiem dat ús frij makket fan de dea en dat requiem jout ta dyn dea út nije djippere dreamen do witst it
ik wit it myn âlde nêst is leech
sykjend om it ljocht bisto laitsjend fierder flein
(dit requiem is de songen dream efter de dea)
en dyn dreamen waarden wurden en dyn wurden wurde dreamen –et lux perpetua luceat eis–… Lês fierder