Jouke Hylkema

Kopman

logo.ensafh

Op ’e Merkestrjitte rin ik mei in mikrofoan op in groep dielnimmers fan ’e ‘tocht der tochten’ ta. De Kopman rydt mei in slakkegonkje foarop as er foar my stoppet en ik it wurd nim:
‘Wêr komme jimme dochs wei?’
‘Wy koomn uut de Westerein; doar stoane ônse húskes, kinn ie dat niet aan ôns dracht
sien?’
Ik gnyskje eefkes skiepeftich:
‘Nee,’ sis ik, ‘soks hie ik fuortendaliks net opmurken, mar it falt my wol op dat jo der in bytsje oars by rinne as de oaren fan ’e groep!’
‘Ik neme as foorman un belangriek plak in, dus dan maggie der ok wat anders útsien.’… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 116

logo.ensafh

Foaropwurd 116

fan freed 23 maaie 2008

Mei it piipkrûd is it okee en mei Farsk ek.

Foar it earst stiet der in gedicht op fan Albert Meijer. Ien fan syn rigels is de folgjende: ‘Wite ko. Krij stippen!’

Heidi set troch mei it oersetten fan poëzy fan Obe Postma yn it Dútsk. Dizze kear tige paslik it gedicht ‘Yn ’e foarsimmer’:

Mein Leben, scheint’s, ist schon dabei, mir träge zu entrinnen,
Was war, schliesst sich dem Nun, sowie, bereits der Zukunft an.

Skermer ferklearret dit jier ta ‘it jier jier fan de ‘blomskermen’’.

Mei Koosje Melis leit it der slim ta.… Lês fierder

heidi

Obe Postma oerset (IV)

logo.ensafh
Obe Postma

Yn ‘e Foarsimmer

Op sokken dei troch ’t miedelân te rinnen
Op hege wei yn noflik beammeskaad,
En ’t blomkjend fjild myn eagen jaan te kinnen
Dat is dochs wol myn simmers swietste paad

Ik sjoch de kopkes fan de bûterblommen
Sêft triljen op ’e amme fan ’e wyn:
Fan fierrrens hear ik koweroppen kommen
En miggen gûnzje yn ’e sinneskyn.

Hoe fiel ik oan dy greiden my besibbe,
Myn earste moai as bêrn, sa trou , sa nei;
En al it lok, yn jonge tiid belibbe,
Doarm ’t by my op út stille fierte wei.

Sêft liket my myn libben fuort te driuwen,
’t ferline, no en takomst yn ien dream;
Fan ’t deiske stribjen kinn’ gjin fâlden bliuwe,
Hja wurde wei as tearkes fan in stream.… Lês fierder

Albert Meijer

romte

logo.ensafh

Wite tsjerke, ik wol dy ferruilje
Mei in normale brune.
Wite ko. Krij stippen!

Blauwe giele reade hûzen,
Jim frjemde kleuren fei ik fuort mei myn teisters.

En myn trage romteskip bommelt troch it grien.… Lês fierder