Wa wint de GJ-Priis 2009? (12)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9)(10) en (11).Lês fierder

Willem Winters

Swarte Waaksens (3)

logo.ensafh

Foaropwurd

Yn de byldzjende keunst is it net ûngewoan dat in keunstner seit ûndersyk te dwaan nei de ferhâlding tusken X en Y, tusken it iene en it oare.
Yn dat ramt hat ûndersyk in tige subjektieve betsjutting, dat yn tsjinstelling ta wittenskiplik ûndersyk dat objektyf heart te wêzen.

Sa moat men Swarte Waaksens ek sjen as in eksperimintsje (in ûndersyk) om nei te gean hoe’t tekst en byld harren ta inoar ferhâlde en wat it effekt is.

Ik fûn wûnderlike plaatsjes fan in man yn in ûnderbroek mei frjemde rûtes op syn liif.*
Sokke foto’s, dêr moast ik wol teksten by meitsje.… Lês fierder

Skermer

Opite

logo.ensafh

It is ierdbeitiid. En dêrby ek nochris in hiel goed ierdbeijier. Wy ha noch nea safolle ierdbeien oan ’e planten hân. It is kostlik om hieltyd wer safolle prachtige reade ierdbeien tusken it grien fan ’e blêden te sjen. Ierdbeien. Sa moai read, sa grut, sa sêft yn ’e mûle en sa soppich. In ierdbei opite.
It is ierdbeitiid en dat is by útstek de tiid fan it wurd ‘opite’.

By de earste letter giet de mûle iepen en de klank wurdt achter yn ’e mûle foarme by de twadde letter giet de mûle wer ticht en dan folget de ‘i’ dy’t foaroan yn ’e mûle foarme wurdt.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Hokker doel tsjinnet de tradysje? – Oer de wurdearring fan de Fryske poëzij

logo.ensafh

Op rubryk ‘Poadium’ fan ensafh (‘De wurdearring fan poëzij fynt plak yn ’e diskusje – oer De spegel en Het goud’op 31 maart 2009; sjoch ûnder Auteurs) skreau Abe de Vries in polemysk stik oer de diskusje oer de twade, útwreide printinge fan De Spiegel van de Friese poezie. De Vries syn krityk op de gearstallers fan ‘De Spiegel’ is dat se gjin ferantwurding fan har kar yn de bondel opnommen hawwe en dat de diskusje oer de Fryske poezij dêrtroch net stimulearre wurdt.�
In diskusje sa as Abe de Vries dy wol is moai en nedich. Dat der troch de gearstallers net iens besocht is om in fatsoenlike ynlieding by har kar te skriuwen seit eins al genôch.… Lês fierder

Anna Blaman

Ik droomde… / Ik dreamde…

logo.ensafh

Ik droomde…

Ik droomde dat ik met haar in een duinpan lag
en eerst haar handen begroef en toen haar voeten
En toen ik haar geboeid en weerloos zag
begroef ik ook mezelf om haar weer te ontmoeten

De duinpan werd dieper dan de schoot der zee
en het zand liep op tot hoge golven
Ik dacht dat ze verdronk en ik dook mee
en stervend hervond ik me diep ingedolven

en leunend aan haar als het verdronken wier,
als tooi om haar borsten, zeedierwelpen,
en in haar oksels, wiergrotten, en dan ook hier —
haar dijen zijn uiteengeweken zeeschelpen.

Ik dreamde…

Ik dreamde dat ik mei har yn in dúnplak lei
En earst har hannen bedobbe en doe har fuotten
En doe’t ik har sa fêst en warleas seach
Bedobbe ik ek mysels om har wer te moetsjen

It dúnplak waard djipper as de skoat fan de see
en it sân rûn op ta wylde weagen
Ik tocht dat se ferdronk en ik doek mei
en stjerrend fûn ik mysels werom djip yngroeven

en leunend oan har as it ferdronken wier,
as fersiering om har boarsten, seeliuwkes,
en yn har earmsholten, wiergrotten, en dan ek hjir —
har billen binne stadich spjalten seeskulpen.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Op ’e sweef

logo.ensafh

Wy fleane op it stuit  oer Warkum, op in twadde plak, in pear hûndert meter boppe de merk. Mei dizze snelheid binne wy yn fiif minuten yn Boalsert, as dy kâlde loftstreamen ús wat mei rêst litte teminsten, miskien moatte wy noch in pear manoeuvres meitsje om goed yndale te kinnen nei de einstreek. Wa’t as earste oer de A7 komt hat wûn.
Nûmer ien sjoch ik op in twahûndert meter foar ús út fleanen.
O ja… ‘wy,’ dat binne iksels as ferslachjouwer, en de piloat, Baron Otten te Deume út Amersfoort. Hy is eigner fan dizze PH 153.
‘Út hokker jier komt dizze kiste eins Baron?’… Lês fierder