Twa helten optille

logo.ensafh

De Vries docht it faker yn syn bondel: twa wrâlden ferbine, twa helten optille. Alderearst binne dêr de keunstfoto’s fan eigen hân, no en dan oan de fersen taheakke, of oarsom. Tekst en byld slute net altyd ien op ien oan, en krekt troch dy spanning wurde beide nei in oare diminsje tild. By de rige ‘Sân sakraminten’ sjogge we in pear kear in neaken model yn it sakrale, en ferkalke, ynterieur fan in tsjerke. It bleate liif fan in frou yn it hûs fan God, ieuwen dominearre troch fergeastlike en dogmatyske mannen.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Oprop foar de Skriuwersarke

logo.ensafh

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan de ferneamde Fryske skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer trije kear in perioade fan maksimaal seis wiken beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei letterkundich wurk yn it Frysk of in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop. It giet om de perioaden:

moandei 18 april oant en mei freed 27 maaie 2011
moandei 6 juny oant en mei freed 15 july 2011
moandei 25 july oant en mei freed 2 septimber 2011

As minsken har ynskriuwe wolle foar in koarter tiidrek (minimaal twa wiken) kin dat ek, mar dan sille – yn goed oerlis – dy data letter neier bepraat wurde.… Lês fierder

Fûstkjen mei de dichter

logo.ensafh

En dat ik by de doar, by it ôfskie nimmen, noch in hiele diskusje oprakele mei frou De Jong. Dy’t warskôgjend foar it rjochts-populisme ús noch in wichtige les joech oer har mans De wuttelhaven del. Oer it kollaborearjen fan de âlde De Jong, en oer it ynsidint mei twa joadske bern op in Ljouwerter skoalle yn 1984, wêrút my dúdlik waard hoefolle fan’e wurklikheid der yn Steven H.P. de Jong syn roman sit. Dat Taco de Jong, dy’t ik krekt derfoar dêrnei frege hie, dochs it skoaljonkje út it boek wie, ek al ûntstried er dat ûnder ferwizing nei syn heite foaropwurd.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

En nei in mannich wiken ferskynt einlings wer in nije edysje fan de digitale ensafh. It is de earste fan ’t jier, dus ik mei alle lêzers noch in goed nij jier winskje!
Wy knalle der fuortdaliks yn mei in goed folde edysje, soe ik sizze. Wy hawwe noch guon tsjustere dagen foar ús, dus it komt grif as roppen om foar it heldere ljocht fan it byldskerm in pear juwieltsjes oan dicht- en skriuwkeunst lêze te kinnen.
Noch in oankundiging om ek wat ljocht yn de tsjusternis skine te litten is dat op 12 maart in wier Ensafheest organisearre wurdt!… Lês fierder

Jelma Knol

Tear en sear, de gedichten fan Irene Bal

logo.ensafh

De genade van een krimpende geest/De genede fan in krimpende geast, hyt de twatalige debútbondel fan Irene Bal, dy’t prachtich fersoarge útjûn is, mei foto’s fan Ronald Arthur van Schaik by elk gedicht. Stichting Uitgeverij Philip Elchers út Grins is de útjouwer.
Fansels bin ik de lêste dy’t dizze bondel resinsearje moat, want ik haw in saaklike relaasje mei frou Bal: se hat twa berneboeken útjûn by de Friese Pers Boekerij. Mar wat goed is moat sinjalearre wurde: sjoch dit stikje dan mar as in net al te objektive foarm fan konsumintefoarljochting.

De titel(s) fan de bondel fan Bal (tenei neam ik yn dit besprek allinne de Fryske titel fan in fers en de side) is/binne fuortdaliks al moai dûbelsinnich.… Lês fierder