Geart Tigchelaar

Ferien

logo.ensafh

Geart Tigchelaar fytst op dit stuit de wrâld om. Dat jout him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandocht dêr’t de skriuwer/fytser sels in gruttere of lytsere rol yn hat. Hjirby it twadde ferhaal.

Ferien

Se hie der net oan ûnderút kinnen. Se moast noch ien kear mei har âlden mei op fakânsje. Dêrnei – as se sechstjin wie – mocht se mei de freondinnen mei. Dy wienen in jier âlder, mochten al wol sels fuort, mar wurken leaver yn it simmerskoft om de nijste iPhone of skoudertas skoare te kinnen.… Lês fierder

Aginda 08-07-16: presintaasje ‘Raffelwjok’ fan Syds Wiersma

logo.ensafh

syds omslag PLANO.indd

Utnûging

Syds Wiersma werom oan it dichtersfront

Nei 24 jier sil de twadde dichtbondel fan Syds Wiersma útkomme. Syds dichte yn de tuskentiid wol, ferkearde lykwols foar it grutste part yn oare wrâlden, mar de lêste jierren streamt syn dichtersier wer folop. Dat hat resultearre yn de bondel Raffelwjok, dy’t ferskynt by útjouwerij Hispel. Dit heuchlike feit sil fierd wurde mei in presintaasje en dichtersjûn op freed 8 july de jûns om 20.00 oere op de Kampearpleats de Swetteblom fan Jochum Rypma (www.swetteblom.nl). Do wurdst fan herten útnûge om der by te wêzen
Nêst Syds Wiersma sels sille ûnderskate oare dichters foar it buordsje komme, yn alle gefallen Gerda Posthumus, Janneke Spoelstra, Hans Westin, Tsjisse Hettema , Elmar Kuiper, Piter Boersma, Cornelis van der Wal en Edwin de Groot:

Mei groetnis en hooplik oant 8 july,

Syds Wiersma en Utjouwerij Hispel
Datum: 8 july
Tiid: 20.00 oere
Plak:
Kampearpleats de Swetteblom
Swettepaad 3
9025 BT Bears

Rûtebeskriuwing auto:
’t Hearrenfean rjochting Ljouwert of Ljouwert rjochting ’t Hearrenfean, nim ôfslach Weidum-Wytgaard.… Lês fierder

Blog Kitty Madison: Ofsletten

logo.ensafh

Fjouwer kear yn ‘e wike ryd ik fan hûs nei myn wurk. En ja, ek wer werom fansels. Soms mei it iepenbier ferfier, soms op ‘e fyts en soms mei de lienauto. En wat my opfalt, altheast as ik efter it stjoer fan de auto sit op de A7 fan Noard Hollân nei ús provinsje, dat ik hearlik fileleas fan A nei B komme kin. No ja, as de brêge op de Ofslútdyk it docht tenminste. De dyk docht syn namme ear oan, want guon minsken hawwe lestens rom twa oeren doelleas de kentekenplaat fan it fermiermiddel foar har bestudearre.

Lês fierder by Kitty MadisonLês fierder

There Is No Handbook for Being a Writer

logo.ensafh

I became a writer relatively late, well into my 40s. That makes me a second-career or mid-career writer, even though by now, I rarely use the qualifiers at all. Like millions of other people in the world, I now identify myself simply as a writer. It seemed like a great act of personal delusion (or vanity) to think I could join the ranks of such an exalted club, the one full of people whose tools are only mind and pen, and it took me a while to get there.

Lês fierder by The MillionsLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: DOA-famylje

logo.ensafh

Stap it terrein fan Dokk’em Open Air op, en de bûtenwrâld mei al syn beslommeringen ferdwynt krekt like fluch as de bh fan in froulike stripper. Gjin Brexit mear, gjin ûnfeilige swimfleugels fan de Krûdfet, gjin nudistekemping dêr’t de minsken net mear nudist wêze meie omdat der in flechtlingekamp foar mannen neist komt. Hoewol’t dat lêste berjocht ek te krijen hat mei Dokk’em Open Air.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Rely Jorritsmafûns krijt hast 40 ferhalen en fersen binnen

logo.ensafh

Tsien ferhalen en tweintich fersen binne dit jier ynstjoerd foar de skriuwwedstriid fan it Rely Jorritsmafûns. Dat meldt de gemeente Littenseradiel. De wedstriid is ûnderdiel fan de neilittenskip fan skriuwer Rely Jorritsma fan Jellum. By de Junior Rely skriuwwedstriid binne twa ferhalen en seis fersen binnenkaam.

Jorritsma hat yn syn testamint fêstlizze litten dat der in fûns oprjochte wurde moast om syn neilittenskip te behearen. De fruchten dêrfan moasten brûkt wurde as prizejild foar priisfragen mei koarte ferhalen en ferzen yn it Frysk.

De útslach fan de skriuwwedstriid wurdt begjin septimber bekend makke en de prizen wurde op 1 oktober útrikt.… Lês fierder