Piter Boersma

Teleks: Oprop om ferhalen en essees te skriuwen

logo.ensafh

It lêste Ensafh-nûmer fan 2018 sil wijd wêze oan it Fryske proaza, mei dêryn ferheljend proaza, besprekken en essees.

Wy sille dat nûmer as de titel ‘It geheim fan Fryslân’ meijaan. Wy referearje dêrmei oan it feit dat Fryske romans en ferhalebondels hieltyd minder lêzen wurde. De Fryske lêskultuer stiet ûnder druk. It Fryske proaza wurdt sa stadichoan in geheim.

Wy nûgje proazaskriuwers en wa’t de ambysje hat om ferhalen te skriuwen út om wurk foar dat nûmer yn te stjoeren. Dat kinne teksten wêze fan 1000 oant 2000 wurden. It stiet jo frij, mar foar in bydrage oan dit nûmer soene jo faaks útgean kinne fan it tema, ‘It geheim fan Fryslân’.… Lês fierder

Nacht fan Quatrebras: fan blompot nei brânalaarm

logo.ensafh

Freedte jûn 2 novimber is de Nacht fan Quatrebras hâlden yn Tresoar. Leafhawwers fan it tiidskrift dat tusken 1954 en 1966 bestien hat, kamen op dizze literêre jûn ôf..
Troch it stikken falle litten fan in blompot wie elk by de les. Dichter Arjan Hut en proazaskriuwer Elske Schotanus hiene elk in megafoan dy’t se brûkten om lapen tekst út ‘De greate wrakseling’ fan Hessel Miedema foar te dragen. De hiele jûn troch waard tuskentroch tiid ynlaske om wer in part út it gedicht te lêzen.
Eksperiminteel dichter fan ‘e earste oere Josse de Haan, wie út Spaansk Baskelân nei Ljouwert ta kaam om te fertellen oer de Quatrebrastiid (it meitsjes fan kollaazjes wie tige wichtich) en om it earste eksimplaar fan de Anarky’s yn ûntfangst te nimmen.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Dr8888 Yn ’e Line

logo.ensafh

Mei Dr8888 bedoel ik fansels Museum Drachten. Mei Yn ’e line, bedoel ik de tentoanstelling Not afraid of the new, dy’t in treflik oersjoch jout fan it Frysk ekspresjonisme fan nei de Twadde Wrâldoarloch en dan benammen fan de fiif keunstners dy’t mei-inoar Yn ’e Line foarmje. Dat binne Jan Frearks van der Bij, Pier Feddema, Sjoerd Huizinga, Jaap Rusticus en Klaas Koopmans.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Hidde Boersma

De Enigmatysk Ferljochte

logo.ensafh

Yn ’e âld learen stoel mei in kop kofje yn ’e hân sit ik omjûn troch de dichtbondels fan Cornelis van der Wal en in stikmannich jonge magneten, myn soan fan fjouwer en syn maten, te aventoerjen yn ’e skedelkosmos fan it Mantsje, Knilles, Kees, Cornelis. Wat in sûnderlinge krusing tusken in aap en in preester is dy Fryske dichter dochs.

Yn syn lêste bondel Wolf yn harnas sprekt er oer stjerren en planeten, it doarpke Betlehim, lilke wyn en fersûpe lykas foarsein; oer swalkers, boargers, pommeranten, de kont fan de ridder en it glydzjen fan soppige parren yn de mar; oer baarch bret yn beppe’ boerebûter, mei ierappels, soere stip en slaad; oer brânoffers, triljend fruit, skerpe tosken, god en satan; oer ûle, mûs en marter; oer ûnderwerpen en ek dingen.… Lês fierder