“Hé Google, spylje ‘Rûchhouwer’ fan De Hûnekop.” Lytse kâns dat it apparaat it goeie ferske ôfspylje sil. Mar as it oan de Russyske Igor Marchenko leit, feroaret dat aanst.
Foar syn promoasjeûndersyk oan Campus Fryslân (RUG) wol hy derfoar soargje dat spraaktechnology aanst ek beskikber komt foar it Frysk.
As Marchenko oer strjitte rint, kin er it net litte om efkes te lústerjen nei de minsken om him hinne. Frysk, Ljouwerters, Hollânsk. Op basis fan de klanken kin er útmeitsje hokker taal oft it is. Hy ferstiet noch lang net alles, mar fynt it machtich nijsgjirrich hoe’t minsken de taal brûke en wannear.… Lês fierder