Duo von Däniken mei in oangripende blues…
It Duo hat in goed advys: Bliuw thús!
Stap net op ‘e fyts/ kuierje by de finsterbank del/ bliuw thús.
Juf Akke Bruinsma fan Ferwert is diskear te gast by it Duo. Se sjongt it refrein: ‘Friezen op it wetter/ Friezen yn ‘e trein/ Friezen no en letter/ Friezen bliuw oerein!’
Op 27-02-2020 hat Kommissaris fan de Kening Arno Brok in taspraak opnommen yn de studio fan Omrop Fryslân, nei oanlieding fan de Corona-krisis. Dizze wichtige taspraak kinne jo hjirûnder belústerje.
In tige oangripend nûmer fan de ferneamde singer-songwriter Douwe Gurbstra. De begelieding is fan Klaas Boer op piano en it Koar fan de Plattelânsfroulju út Britsum
Klaas Jansma makket tegearre mei Sipke Schaap in radiodokumitêre. Se bedarje by Hegebeintum… En wat der dan bart… jo sille ferbjustere wêze!