Dizze moanne sil ik nei Boedapest ta. Net iens foar it earst, ik haw der al twa kear west en it kin samar dat ik dêr noch wol in fjirde kear kom ek. It is wol in noflike stêd, fyn ik. Fan Boedapest leau ik eins wol, dat ik it sels betocht hawwe koe.
De plattegrûn fan Boedapest kin ik sa úttekenje. In A4’ke, steand. Boppe de helte in grutte blauwe streep en efkes heger noch ien, dat sil de Donau wêze. Dêrboppe as in soartemint fuotbalskoech, de âlde stêd fan Boeda, de noas dêrfan lofts. Dêr’t de bal wêze moat, de grutte griene smet dy’t fan Gellérthegy hjit, in park op ’e kluft of in bosk eins.… Lês fierder