Echte Fryske Blues fan Bliene Appeltaart, út Appelskea.
Klik hjir foar dizze geweldige muzyk!… Lês fierder
Echte Fryske Blues fan Bliene Appeltaart, út Appelskea.
Klik hjir foar dizze geweldige muzyk!… Lês fierder
It moat oars …
God, de barokke
Yn ’e Katedraal
Fan Malaga
Soarget goed
Foar elk minske
Ik sjoch in wûnder
Fia Spaanske byldhoukeunst
De aartsbiskop fan Lima
Makket in sike yndiaan better
Dy’t der by leit as de Krúsling sels
Gleon hantsje derop…klear!
Earst bringt ús Señor sykte
En as in echte Hear:
Nea dea
Gjin sykte mear
Bûten de pûst
Sûnder taal
Hâld ik ho
Op Machu Picchu
Ik sjoch
Bloed, slangen
Sinne …
Viracocha
Betsjoen my
Mei in nij
Skeppingsferhaal… Lês fierder
Piet Grupstra is te gast yn it literêre programma ‘Tusken de wurden’ fan Klaas Looper, de broer fan Bert. Grupstra is dôf, mar syn poëzij is tige filosofysk.
… Lês fierder
Reade rieme en in soad pine, hjoed rea moarn dea. Jimme superhelddichter Reade Rimer oan it wurd … de kollumnist hat de gek der mar in bytsje mei, want dat hâldt him noch wat oerein. Ik fiel my earlik sein net werklik geweldich … twa wike lyn krige ik pine yn ’e rjochterearm … earst tocht ik noch dat it fan ’e besite oan ’e sportskoalle kaam … te rûch treend of soks … jo kenne dat wol of net … ik wit neat oer it sportive hâlden en dragen fan ús lêzers … nei in pear dagen kamen der reade plakken en midsiuwske bulten, bongels en blaaskes, fol mei focht dêr’t it wetterpokkefirus tahâldt.… Lês fierder
Bûtenút fyts ik
Foarby it
Beweechlik stillibben
Kryptysk fertsjuskjen
Komt my temjitte
Noch waarme
Novimbersinne
Rook swiet
Wiet hea
En jarre
Lânlibben
Fata Morgana
Wrâld trillet
Yn ljocht
Boere-oaze
Protters op dongbult
Aanst tsjuster dûnsjend
Oan ’e himel
Yn waaiende wolkens
Fûgelfoarsizzing
Nim my op
Yn jimm’ waarme
Tsjettertekken
Faaks mei nije wjukken
Haw ik jim ek eat
Te fertellen… Lês fierder
Harkspul fan Duo von Däniken! Kommissaris Arno Brok dielt krystbôle út oan minsken dy’t it net al te breed hawwe. En wat der dan bart!
Klik hjir foar dit spannende harkspul…… Lês fierder