Jelma Knol

De omfallen kaartebak fan Obe Postma en in shortcut nei it wurk

logo.ensafh

In libben dat bloeide nei syn aard is de titel fan twa publikaasjes yn ien bân, yn 2017 publisearre troch Utjouwerij Elikser. It giet om in libbenskets fan de dichter Obe Postma troch Tineke Steenmeijer-Wielenga: ‘Al wat ik skriuw, dat is wier bard’ fan 247 siden en in stúdzje fan Geart van der Mear oer it wurk: ‘Fier haw ik myn dreamen weide / En de himel iepen sjoen’. It boek ferskynt yn de Obe Postma Rige fan it Obe Postma Selskip.

As jo as leafhawwer fan it dichtwurk fan Obe Postma alle feiten oer syn libben en wurk witte wolle, dan is dizze publikaasje in oanwinst foar jo samling.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4, 2017

logo.ensafh

Redaksjoneel

It is noch simmer, wylst ik dit skriuw, mar de ekwinoks en de hjerst slûpe stadich neieroan. De sinne is noch wol fûl, mar moarns en yn it skaad is de lucht wer skrousk. De ierde rûkt fochtich en oerryp, de fruchten gêstje oan ’e tûken. In tiid fan en nei de rispinge, wat ekstra tiid. De natoer hat him deljûn, en rintenieret.

Ik toffelje myn boekekast op en del, de adrenaline fan kommende ferhuzerij hâldt my wekker yn ’e nacht. Ik karmasterje de opbringst fan jierren: wat sil mei, wat kin nei de kringloop, wat skatten lizze der yn rigen efter de rigen.… Lês fierder

Ernst Jandl, André Looijenga

rilke syn eagen / rilkes augen

logo.ensafh

 

rilke syn eagen

rilke die de eagen iepen
alles wie sichtber
neat wie ûnsichtber

rilke die de eagen ticht
neat wie sichtber
alles wie ûnsichtber

rilke die de eagen iepen
neat wie ûnsichtber
alles wie sichtber

rilke die de eagen ticht
neat wie sichtber
neat wie ûnsichtber

(Oersetting André Looijenga)

*

rilkes augen

rilke schlug die augen auf
alles war sichtbar
nichts war unsichtbar

rilke schloß die augen
nichts war sichtbar
alles war unsichtbar

rilke schlug die augen auf
nichts war unsichtbar
alles war sichtbar

rilke schloß die augen
nichts war sichtbar
nichts war unsichtbar… Lês fierder

Cornelis van der Wal

De lêste sinne

logo.ensafh

Klaas de Groot wie klear mei it ynfieren fan nije data foar it wurkleazeprojekt fan ’e gemeente, dat er tegearre mei Tiny Schaap, strange bril en knotsje, opsetten hie. Hy speake him ris noflik út, syn lang ljocht krôljend hier hong oer de rêch fan ’e burostoel hinne. In soad tiid om by te kommen krige er spitigernôch net. It byldskerm knippere: der wie in oertrêding konstatearre op ’e Asingapôle, by de famylje Kaastra. It soe ek net sa wêze, dat wiene streekrjochte aso’s. Klaas beseach noch efkes koart it dossier fan de famylje, it wie benammen Berend Kaastra dy’t geregeld foar problemen soarge hie.… Lês fierder

Arjan Hut

Sa hyt is it

logo.ensafh

sa hyt is it
sinnefûgels pikke it skaad op

ik glydzje ûnder in parasol
it park yn
dêr’t pake syn wâld plante
fan koel- en wintergrien
sa djip
as rin ik
de mar yn

en foardat ik him sjoch
hear ik de rivier
hingje gau de fuotten
yn it wetter

moannefiskjes knabbelje
oan de teannen

en pake yn syn kano
kanoot by my del
mei de eagen ticht
hy laket
in web fan rimpeltsjes oer syn gesicht

en it fjoer krûpt as in tiger
om it park en om it wâld
it knetteret as in wetterfal… Lês fierder