Wat soe it wêze kinne?…bin ik by eintsjebeslút dochs mar in ordinêre, gewoane Romantikus behept mei in stikmannich skaaimerken,dy’t ornaris thúshearre yn it Autisme Spektrum?
Jo sizze it mar…of moat ik sels anderje?
Miskien tinke guon, of de measte minsken sels wol, dat in skriuwer it mar maklik hat mei dat skriuwtalint dêr’t sy of hy mei op ’e wrâld set is.
Lekker alle ellinde fan ’e wrâld om je hinne en dêr’t jesels mei ompankoekje, as in rôfdier yn ’e bek pakke, in pear kear mei de kop skodzje en dan ferwurkje ta hapklare biten en brokken, dêr’t de lêzerwelpen dan wer wat mei kinne.… Lês fierder
