Bartle Laverman

I. Carus

logo.ensafh

 

hy woe net
achter de pûst
boppe komme:
dus mei de lift
nei flier 20

it wie om’t ik
net leauwe woe
dat er fleane koe
hy soe
dat mei syn sprong bewize

syn prachtsprong
einige op tegels
seach ik wat
wjukwapperjend
omheech kaam
en sûnder groetsjen
yn de fiere loft
ferdwûn… Lês fierder

André Looijenga

Boek dat foarearst lizzen bliuwt: Księgi Jakubowe

logo.ensafh

Ik seach it yn ’e etalaazje stean doe’t ik, in moannemennich lyn, ris yn Białystok wie. In kleastermop fan in boek, fan in skriuwster mei de namme Olga Tokarczuk, mei de hiele foarkant fol mei in ûnmooglike útwrydske titel. In boek oer in reis troch lannen, talen, wrâldreligys, koe ik ûntsiferje. Moai útjûn; want yn Poalen wurde nije boeken moai útjûn. Nijsgjirrich, mar de jûn foel yn en de boekhannel gie krekt ticht.

Foar’t ik yn it mânske boek blêdzje koe, moatst ik noch even wachtsje. Dat ik kin jo no likegoed wat fertelle oer Białystok en hoe’t ik dêr bedarre wie.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 31

logo.ensafh

Feuilleton

31

It wie harren twadde dei yn Epen, dêr’t se útfanhuzen yn herberch de Smidse oan ’e súdkant fan it doarp, in âld, ienfâldich hotel mei keamers sûnder fasiliteiten. It stie op ’e skeante fan it Geuldal, sadatst fan it terras ôf in moai útsjoch hiest. Troch de beammen en it weagjende lânskip seachst de Geul dêrwei trouwens net, no ja, flakby skimere der wat fan tusken de beammen troch dêr’t er even nêst de dyk streamde. Catrinus kaam der alle jierren in pear kear en hie der op oanstien dat se dêr no ek tegearre in keamer nimme soene.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Nanne Kalma 50 jier muzikant én liettekstskriuwer (1965-2015)

logo.ensafh

2015 wie in jubeljier foar Nanne Kalma (66) fan Burgum. Hy koe net allinne syn 50-jierrich jubileum as muzikant fiere: mei de troch him yn 1975 oprjochte Frysktalige folkgroep Irolt koe er ek in stikmannich útferkochte reunykonserten jaan. Boppedat kamen fan Irolt alle sân, tusken 1975 en 1985 ferskynde, elpees as cd út. Reden foar Omrop Fryslân-telefyzje om op 8 novimber 2015 in dokumintêre oer Nanne Kalma en ’e skiednis fan ‘syn’ groep Irolt (opdoekt yn 1987) út te stjoeren. Yn dy, fierder fakkundich makke, dokumintêre binne in pear wichtige ‘fasetten’ fan Nanne Kalma syn muzikantskip, lykas syn grut tal bydragen oan it Esperanto-lieterepertoire, ûnderbeljochte bleaun.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Tsjisse Hettema

logo.ensafh

‘Ik fyn it moai om achterôf te sjen hoe’t dingen yn dyn libben yninoar gripe.’

Nei de middelbere skoalle studearre Tsjisse Hettema (1955, Bitgum) twa jier Ingelsk yn Grins en hy die dêrnei de stúdzje MU Frysk. Hy gong yn 1996 as frijwilliger oan ‘e slach by it Frysk Letterkundich Museum en krige dêr nei in skoft in fêste baan as dokumintalist foar it byld- en lûdsargyf. Hettema begûn as skriuwer fan koarte ferhalen, dy’t publisearre waarden yn Trotwaer en Hjir en de jongereinbondel Skroei. Dêrnei is er oerstapt op it skriuwen fan gedichten. Yn 1995 joech er yn eigen behear syn dichtbondel Tsi Tsi út.Lês fierder