Marga Waanders foarsitter Gysbert-sjuery 2015

logo.ensafh

Foar it earst hat in advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis fiif leden (foarhinne wiene dat der hieltyd trije). Marga Waanders, boargemaster fan Dongeradiel, is oanwiisd as foarsitter. Hja is fan oplieding nearlandika, wurke yn it ûnderwiis foar’t se de polityk yngie, en wennet sûnt jierren yn Fryslân. De oare net-Fries yn de kommisje is Kester Freriks út Amsterdam, de yn Yndoneezje berne Nederlânske auteur dy’t û.o. skreaun hat oer Hölderlin, yndyske literatuer en fûgels.

Opmerklik is it grutte Dongeradielster oanpart yn dizze advyskommisje. Yvonne Dijkstra is hikke en tein yn Nes (D.) oan it Waad, en foar Doeke Sijens jildt itselde mar dan krekt súdliker te Hantum.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Jarich Hoekstra: ‘Ik bin net ûnwennich nei Fryslân.’

logo.ensafh

Jarich is berne yn 1956 yn Hitsum. Hy is opgroeid yn Abbegea en op syn tolfde ferhuze nei Almelo. Hy is heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde yn it Dútske Kiel, dêr’t er him ek mei de ferskate Noardfryske dialekten dwaande hâldt. Hy docht in soad yn de mande mei Harke Bremer fan Kampen. Op 17 septimber 1996 krigen Jarich en Harke Bremer fan de provinsje Fryslân de Obe Postmapriis foar har Fryske oersetting fan Bommel-ferhalen út it Nederlânsk. Beide manlju makken ek oersettings fan Kaptein Rob en Asterix yn it Frysk. Yn 1995 kaam harren earste boek Hâld faasje út.Lês fierder

Daam de Vries

.kul

logo.ensafh

It wie juster in heuglike dei, Fryslân hat him sûnder oarlogjen ôfskaat fan de rest fan de wrâld. Wêr fine jo soks hjoeddedei noch?

Wy binne in eigensinnich folk sa liet de deputearre witte dat wy dogge hjir gjin punt-frl mar pompeblêd-frl. Dat is alderprachtichst want de winst sit him net allinnich yn de ôfskieding mar ek yn it feit dat de eigen taal yn de URL’s brûkt wurde kin. No noch in fatsoenlik toetseboerd sadat jo dat pompeblêd oanklikke kinne krekt lykas de Æ of æ.

Ik ha ek al berjocht fan myn provider hân en in domein reservearre. Gjin respons.… Lês fierder

Sytse Jansma

sûnder mis gjin merke

logo.ensafh

 

lit my gekke fratsen fan dyn flanken draaie
ballonhûnen foarmje of as botswana’s brûke

fonken út it plafond fan dyn tinken sûnder
mis gjin merke en sûnder fleis gjin fêsten

lit my bibelrigels sûkerswiet spinne as in toefke
op dyn pokrovtoer dyn katedrale lichem bewenje

as klaterrussyske sinten en dan dyn madonna-langnek
fan jewelste útinoar skowe as in attraksje boppe it alter

lit my wachtsje yn lange gebeden op in foarsichtich
stjitten út dyn heupen de stilte foar it amen azemje

*

Ein septimber komt Sytse Jansma syn twadde, en twatalige, bondel út: as nomaden yn tinten teplak / als nomaden in tenten terecht, dy’t útjûn wurdt troch Hotsum (yn gearwurking mei De Contrabas).… Lês fierder

Jelma Knol

Pompom pompompom pompompòòmpom.

logo.ensafh

It bleau mar troch myn kop sangerjen. In grouwélich moai stikje sellomuzyk, in fragmint út in bloedmoaie dokumintêre oer Vienna 1908, dat ik mar net thúsbringe koe. Wa wie de komponist? In hiele gruttenien, dat koe net misse. Mar de ôftiteling joech allinne de namme fan de BBC-komponist fan tsjinst.
Dus skilje ik Jan, in grut kenner fan 19e en 20e ieuske muzyk. ‘Jan, moatst even harkje. It is in solo foar sello en it giet fan: poppom pompompom pompompòòmpom.’
Jan sit freeslik te laitsjen om myn silige lûd.
‘Oh, ja, it is sa‘n bekende triennelûker. Sa’n krematoariumhit. No, sa’tsto it sjongst is it seker gjin barok, mar earder eat út de romantyk.… Lês fierder

Meindert Reitsma

Gefaar en útdaging as speserijen fan it libben

logo.ensafh

Yn de Grykske mytology is it ferhaal fan de healgod Tantalus in tragysken ien. Tantalus waard troch Zeus yn fertrouwen nommen, mar beskamme dat fertrouwen troch ûnder oare te stellen en geheimen troch te fertellen. As straf waard Tantalus nei it ûnderste en slimste part fan de ûnderwrâld stjoerd, dêr’t Hades de skepter swaaide. Hy waard feroardiele ta de ivige toarst en honger. Tantalus moast oant it kin yn it wetter stean en alle kearen wannear’t er drinke woe, sakke er fierder de grûn yn en wannear’t er it fruit dat boppe it wetter hong pakke woe, slagge it him net.… Lês fierder