De twa advizen kamen tagelyk. “Wat no selssensuer,” sei myn buorfrou. “Gewoan mei dyn fingers djip yn dyn earen it boadskip fersprieden bliuwe.” Myn klacht gie oer de meilydsume op my rjochte blikken sadree’t ik oer de klimaatferoaring begjin, want wa leaut dêr no yn. It is myte, paranoïde fiksje, the dogma of the doomsters. Op itselde stuit krige ik in sms-ke oer it klimaat: “Langst en leafde binne altyd sterker.” Mei de fingers yn de earen, fette ik foar de buorfrou gear, it boadskip fan leafde ferspriede om de wrâld te rêden -wêr ha wy dat earder heard? De útlis dat de wrâld fleurich ôfwachtet om’t it de lêste dei ferwachtet net as ûndergong mar as rêding en dat de wrâld te rêden fan dy rêding absurd is, is wilens in klisjee.… Lês fierder
