Beart Oosterhaven (1956) is berne en opgroeid yn Hitsum. Nei syn ûnderwizersoplieding hat er in skoftsje by de Afûk wurke. Dêrnei waard er by de Fryske Akademy (FA) oansteld as taalkundich meiwurker. Letter waard er dêr einredakteur fan it wittenskiplik tydskrift It Beaken en wie er fan 1993 oant de reorganisaasje fan de FA yn 2009 koördinator fan de Musikologyske Wurkgroep. Oosterhaven hat sjueryfoarsitter west fan it Frysktalich sjongfestival Liet en fan it festival Liet International. Hy wie muzykredakteur by it literêr tydskrift Hjir, dêr’t er fan 1978-1982 fan yn de redaksje siet, en hat fiif jier lang kollums skreaun foar de F-side, de wyklikse Frysktalige side fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.… Lês fierder
