Hidde Boersma

Te hastich om te rinnen

logo.ensafh

 

Ast my tsjintwurdich rinnen sjochst,
soest tinke dat de klinkers gloeie
Sa gleon slalomje ik tusken de mannichte troch

Myn kiezzen mealle om op myn tinzen,
en troch de groede yn myn foarholle
rint sâlt wetter de poeltsjes ûnder myn earmen yn

Dan sjitte myn eagen fjoer, en dan skroeie se dôf
Myn burd te lang, myn mûle droech

Ik far, mar sjoch neat foar de boech… Lês fierder

André Looijenga

Amsterdam as moadieus klisjee foar anglosintryske historomantyske kultuerpulp

logo.ensafh

Ofrûne freed seach ik efkes Nieuwsuur. Nei in skôging oer de benearjende sitewaasje yn Noard-Irak, soe ik de tillevyzje wer útdwaan. Mei in heal each en ear krige ik mei dat der in itemke oan like te kommen oer it safolste boek fan in Amerikaansk histoarikus oer Amsterdam yn de 17e ieu. Amsterdam, och wat in orizjinele ûnderwerpskar (quod non), tocht ik al by mysels. En sa’n “ynfleine” Amerikaan, dy’t net iens Nederlânsktalige boarnen lêze kin, dy sil ús hjirre dan wer ris útlizze wat elkenien mei in bytsje ynteresse yn skiednis al lang wist… Mar, eins, hoe my soks ek tsjinstiet: lit my dochs even sjen hoe mâl oft it giet.… Lês fierder

Willem Winters

Wûne

logo.ensafh

Alle dagen oarloch yn it nijs. Even tocht ik dat de Russen dochs noch komme soene, dat NAVO-Luns dochs noch gelyk krije soe. Ik seach ynstoarte hûzen, deaden en ferwûnen om my hinne. Oarlochsfotografen leinen de ferskrikkingen fêst. Guon ferwûnen bliuwe yn libben en wurde oplape mei protezes fan allerhande soarte. Wat mear oarloch, wat flugger de ûntjouwingen op dit mêd. Dat bewiist in foto – WO I – yn it legendaryske Het Leven; in ploechje soldaten mei opstrûpte boksen lit sjen dat se mei harren keunstskonken wer biljarte kinne.

Bekend is it gefal fan de Frânske bokser Eugène Criqui dy’t yn de sjitfuorgen fan WO I syn ûnderkaak ferlear.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Rommert Tjeerdsma: ‘Ik skriuw gjin boeken om boadskippen út te dragen. It giet my derom om in aardich ferhaal te skriuwen, dat minsken graach lêze meie.’

logo.ensafh

Rommert Tjeerdsma (Hallum, 1943) soene jo in letbloeier neame kinne. Yn 1990 publisearre er syn earste ferhalen en gedichten yn de Fleanende Krie, it blêd fan de Fryske Boekeklup KFFB. Yn 2006 ferskynde syn debútroman Brekpunt, yn 2009 folge troch de roman Frij as de wyn. Yn 2010 kaam de histoaryske roman Reboelje yn Kollumerlân fan him út en dêrnei folge Om Doutzen yn 2013. De lêste roman Ferliezers seach dit jier it ljocht. Rommert hat oant syn pinsjoen as postamtner wurke. Hy wennet mei dichteres Jelly Keekstra yn Marrum. Sy ha inoar troch it skriuwen troffen.

Foar de arke fan Rink

Koarte gearfetting fan Ferliezers:
Froukje wennet mei har âlden yn de stêd.Lês fierder

Friduwih Riemersma

Loftich simmerboek

logo.ensafh

De nonfiksje simmerferhalen binne der wer! Glenn Greenwalds boek oer Snowden en de NSA, Monica Lewinsky har Vanity Fair-ferhaal oer har relaasje mei de machtichste man fan de wrâld en it manuskript fan Martin Bosma oer Mandela dat oeral sirkulearret diele it tema fan de underdog dy’t it – al as net by ûngelok – opnimt tsjin de macht, it rjocht en it gelyk. De wrâld fan de machteleaze inkeling is ien fan ûnkomplisearre sosjaal ûnrjocht en dêryn hawwe syn eigen hannelings nea ferkearde konsekwinsjes. Mar, hoe wiis at ik ek bin mei myn steapeltsje simmerlektuer, it makket myn âlde fraach aktueel: wêr bliuwt it boek fan presidint Pûtin?… Lês fierder

Maya Angelou, Enno Salverda

Op de pols fan ‘e moarn

logo.ensafh

 

In Rots, in Stream, in Beam
Hiem oan soarten sûnt lang al wei,
Murken de mastodont.

De dinosauren, dy’t droech bewiis lieten
Fan har ferbliuw hjir
Op ús planeet syn flier,
Wat swiid alaarm ek fan har hastich ûndergean
Ferlern gong yn it dûnker fan stof en tiid.

Mar hjoed, skreaut de Rots ús ta, dúdlik, krêftich,
Kom, jim mei’ stean op myn
Rêch en eagje nei jim fiere bestimming,
Mar sykje gjin taflecht yn myn skaad.

Ik sil jim gjin skûlplak mear jaan hjirûnder.

Jim, skepen mar in bytsje leger as
De ingelen, ha te lang fuortdûkt yn
It tebûtsende tsjuster,
Ha te lang lein
Antlit foardel yn ûnwitnis.… Lês fierder