Poëzij bliuwt in nijsgjirrich fenomeen. It alderearste kolleezje dêr’t myn stúdzje Ingelsk mei begûn wie ‘Academic Reading’, in fak dêr’t de grutten út de Ingelske literêre skiednis – Shakespeare, William Blake, T.S. Eliot – oan close reading ûnderwurpen wurden en wy as iverige studinten rigel foar rigel, wurd foar wurd op ’e siik gongen nei wat de dichter no krekt bedoeld hie, of bedoeld kind ha soe, of ûnbewust yn it gedicht stoppe hie. Wapene mei metafoaren, rymskema’s en leitmotiven gongen wy de gedichten te liif yn de ynterpretative striid.
Yn in folgjende stúdzje folge ik it kolleezje ‘Literaire Tekstinterpretatie’, itselde fak mar dan yn it Nederlânsk en mei Nederlânske dichters.… Lês fierder