Jelma Knol

Pompom pompompom pompompòòmpom.

logo.ensafh

It bleau mar troch myn kop sangerjen. In grouwélich moai stikje sellomuzyk, in fragmint út in bloedmoaie dokumintêre oer Vienna 1908, dat ik mar net thúsbringe koe. Wa wie de komponist? In hiele gruttenien, dat koe net misse. Mar de ôftiteling joech allinne de namme fan de BBC-komponist fan tsjinst.
Dus skilje ik Jan, in grut kenner fan 19e en 20e ieuske muzyk. ‘Jan, moatst even harkje. It is in solo foar sello en it giet fan: poppom pompompom pompompòòmpom.’
Jan sit freeslik te laitsjen om myn silige lûd.
‘Oh, ja, it is sa‘n bekende triennelûker. Sa’n krematoariumhit. No, sa’tsto it sjongst is it seker gjin barok, mar earder eat út de romantyk.… Lês fierder

Meindert Reitsma

Gefaar en útdaging as speserijen fan it libben

logo.ensafh

Yn de Grykske mytology is it ferhaal fan de healgod Tantalus in tragysken ien. Tantalus waard troch Zeus yn fertrouwen nommen, mar beskamme dat fertrouwen troch ûnder oare te stellen en geheimen troch te fertellen. As straf waard Tantalus nei it ûnderste en slimste part fan de ûnderwrâld stjoerd, dêr’t Hades de skepter swaaide. Hy waard feroardiele ta de ivige toarst en honger. Tantalus moast oant it kin yn it wetter stean en alle kearen wannear’t er drinke woe, sakke er fierder de grûn yn en wannear’t er it fruit dat boppe it wetter hong pakke woe, slagge it him net.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 21 en 22

logo.ensafh

Feuilleton

21

No’t Paul der ek wie, bestelden se nochris in Pisco Sour, de ynlânske cocktail.
As foargerjocht keazen se sileenske sop mei kabeljau en kokkels, moksels, krab, garnalen en coquilles en as haadgerjocht tonyn, de eksoatyske kana kana en in skaaltsje mei seefruchten. Se namen der de wite wyn by dy’t Paul dêr al earder dronken hie.
‘Dat wy no fisk ite sille op Peaske-eilân, dat harmoniearret, dat is moai,’ sei Paul Mols, ‘mar oars, ik swar by heterogeen en by dissonant. De Midden-Europeeske Mahler spylje op Peaske-eilân en it ûnder it iten fan fisk hawwe oer Mahler neam ik heterogeen.… Lês fierder

Willem Winters

USA

logo.ensafh

Wy soene no mar ris trochsette en regelje in reis troch de USA. Dat wie noch gâns in wurk. Mar dêr woe ik it net oer hawwe.

Minsken dy’t ik no – no’t wy nei twa moanne en 9000 km en 3000 liter benzine werom binne – tsjinkom freegje: ‘Wat foel dy it measte op yn de USA?’ Dêr hoech ik net oer nei te tinken. It earste wat my opfoel doe’t wy bûten it fleanfjild Newark stapten wiene de ûnbidige trucks (mei oplizzers). Type Mack, mei fan dy enoarme snuten, mar inkeld in frachtwein sa’t wy dy kenne.
In soad lju ride privee yn in pick-up.… Lês fierder

Edwin de Groot

It horloazje fan de hypnotiseur

logo.ensafh

Ik fal fuort mar mei de doar yn hûs. Dit is in boek dat der wêze mei. Lit de e-books har mar dwaande hâlde mei Skandinavyske thrillers, Esther Verhoeff en oare (foartinte-)literatuer. Dit boek moat fysyk belibbe wurde.
Thús mei in bakje kofje en Stimd Slik op skoat.

De kleur fan it omkaft ferrast my, want mei sa’n titel ferwachte ik in griis omkaft. Ynstee is de kleur mear akwamarijn of turkoaize. Mei de heale titel dêryn drukt en mei in fine giele letter de twadde helte. In hoeden en dochs prikkeljend foarmjûn omkaft dêr’t jo efkes nei sjen moatte. Der sit in ûnthjit yn; dit boek hoecht net allinne lêzen te wurden, of besjoen.… Lês fierder

André Looijenga

simmerhjerst

logo.ensafh

 

de sinne tuollet al wat earder
(te witten: ienentweintich oere achttjin)
al wer murken koartet ús de tiid

it ljocht skeanet, tekenet djipper
eigen merkeldagen mjitte no de rispstûn’
each-ier yn ’e spegel, burdhier op ’t perslein
wanhope delgong siket wjerwurd
ferjierjen docht klokwizers har fuotstap

protters gûnzje har kloftsjende wjukjes
yn eskader natoerlyryk (kin ’t net helpe)
jûnsfleane yn frije foarm

oft dit dan healweis is op it paad, my
yn gleane middei net ferfytst?

krûdich rûkst it, en fruit, en fallen blêden
(genietsje de skyn fan folle tastân
drinzgje it skoft yn lije wyn
ynheljen is dij hoart genôch.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Hitens

logo.ensafh

Myn buorman seach my oer de râne fan syn balkon fronseljend oan: “Wa lêst no in boek mei dit waar? Is de krante net genôch?” Doe’t yn 1988 it Amerikaanske oarlochsskip USS Vincennes in Iraanske boargerfleanmasine út de loft skeat wenne ik yn Itaalje en oer it hite julywaar hong de politike hitens en ik lies my troch Iris Murdoch har broeiïge The black prince hinne. Oan ’e ein fan dat boek wist ik alles fan de spjalt tusken de keunst en de wrâld, fan de yllúzje fan realisme en fan taal dy’t makke is om ûnechtens oer te dragen en dat dat neat útmakket: “Dy ûnwierheid droech teminsten belangrike ynformaasje oer.”… Lês fierder