Ingrid Jonker, Janneke Spoelstra

It bern dat deasketten is troch soldaten by Nyanga

logo.ensafh

It bern is net dea
it bern rôlet de fûsten op tsjin syn mem
dy’t Afrika raast   de rook raast
fan frijheid en heide
yn ’e sloppewiken fan it omsingele hert

It bern rôlet de fûsten op tsjin syn heit
yn ’e optocht fan ’e generaasjes
dy’t Afrika raze   de rook raze
fan gerjochtichheid en bloed
yn ’e strjitten fan de wapene grutskens

It bern is net dea
noch by Langa noch by Nyanga
noch by Orlando noch by Sharpville
noch by it plysjeburo yn Philippi
dêr’t it leit mei in kûgel troch de kop

It bern is it skaad fan ’e soldaten
op wacht mei gewearen pânserweinen en kneppels
it bern is tsjintwurdich by alle gearkomsten en wetjouwings
it bern sjocht troch de finsters fan huzen en yn ’e herten
fan memmen
it bern dat inkeld boartsje woe yn ’e sinne by Nyanga is oeral
it bern dat in man wurden is giet troch hiel Afrika
it bern dat in reus wurden is giet troch de hiele wrâld

Sûnder in pas

(oersetting: Janneke Spoelstra)

*

Die kind wat dood geskiet is deur soldate by Nyanga

Die kind is nie dood nie
die kind lig sy vuiste teen sy moeder
wat Afrika skreeu   skreeu die geur
van vryheid en heide
in die lokasies van die omsingelde hart

Die kind lig sy vuiste teen sy vader
in die optog van die generasies
wat Afrika skreeu   skreeu die geur
van geregtigheid en bloed
in die strate van sy gewapende trots

Die kind is nie dood nie
nòg by Langa nòg by Nyanga
nòg by Orlando nòg by Sharpville
nòg by die polisiestasie in Philippi
waar hy lê met ’n koeël deur sy kop

Die kind is die skaduwee van die soldate
op wag met gewere sarasene en knuppels
die kind is teenwoordig by alle vergaderings en wetgewings
die kind loer deur die vensters van huise en in die harte
van moeders
die kind wat net wou speel in die son by Nyanga is orals
die kind wat ’n man geword het trek deur die ganse Afrika
die kind wat ’n reus geword het reis deur die hele wêreld

Sonder ’n pas… Lês fierder

Sigrid Kingma

In flot, spannend en aktueel ferhaleboek

logo.ensafh

Auck Peanstra kenne wy benammen fan de printeboeken, lykas de Tomke-searje, mar Peanstra hat har ferline simmer ris goed talein op de jongerein. Har nije ferhalebondel foar de leeftiid fan likernôch 11 oant 14 jier draacht de titel De boel op stelten. De bondel bestiet út achttjin losse ferhalen oer ferskillende bern dy’t bymekoar op de basisskoalle yn groep 8 sitte. Elts ferhaal is skreaun út in oar perspektyf wei en jonges krije likefaak as famkes in haadrol.

De opset fan de ferhalebondel docht tinken oan dy fan it boek De oerwinnings fan Tido Houtsma fan Tys Wadman. De kar foar koarte ferhalen is taktysk om’t koarte stikjes minder in berop dogge op konsentraasje en geduld.… Lês fierder

Ane Bote Jukema

De groeispurt fan in lytse boer

logo.ensafh

It wie nachts trije oere doe’t Klomstra wekker waard fan in frjemd lûd. De boer kaam fan ’t bêd ôf, die de doar fan de keuken nei de skuorre iepen, die it ljocht dêr oan en doe seach er midden yn de skuorre in ûnbidich grutte man stean mei in pakje hea yn de hannen.

‘Wat moat dat dêre, bliksem!’

‘Goeie,’ sei de grutte man. Hy wie seker twa meter lang en hast in meter breed. ‘Ik woe in pakje hea fan jo keapje foar myn geit.’

‘Soa, midden yn de nacht?’ Klomstra wie sels mar in lyts, tin mantsje.

‘Ik miende dat boeren der altiten betiid ôf wienen, dat ik tocht: kom, ik weagje in skot.… Lês fierder

Willem Winters

Dia’s

logo.ensafh

Juster haw ik in brûkt diaprojektorke – kocht fia ynternet – út Noardwâlde ophelle. De oanbieder sei it ding mar in hiel inkelde kear brûkt te hawwen. ‘Hy sit noch yn de doaze. Ek alwer in jier leit der yn ’e kast sa’n apparaatsje dêr’tst de dia’s mei op de hurde skiif sette kinst. Mar ja, da’s is likegoed in ferrekt sinnich wurkje.’

No ja, ik koe der wol ynkomme, by my leit ’t it der net folle oars foar. Dat ik kies foar in maklike oplossing: ik keapje syn projektor, mei in monitor, dan kinst it ding op tafel sette en rats-rats de saak der troch huffe.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – okt-nov 2013

logo.ensafh

Sinteklaas hoegde dit jier net lang nei te tinken
Oer moaie kado’s om de Ensafh-lêzers te skinken.
In boek fansels, da’s altiten goed,
Wier Piterbaas, ha mar gjin noed!
Yn’t Frysk en oer Fryslân wurdt in hiel soad skreaun,
Foar elk is der wol wat, ’t is net oerdreaun;
Oer sport en oer iten, foar jong en foar âld,
Oer oarloch en leafde, en de foarbije wrâld,
Heldedichten of mearkes foar bern,
It hâldt echt net op, moatst mar ris sjen!
Sint winsket elkenien in soad lêswille ta,
En hopet dat jim oar jier noch mear nije boeken ha!

Poëzij

Harke Bremer & Jarich Hoekstra
Leffert – In heldedicht yn tolve sangen

Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 3052 (144 siden)
Ferkeappriis € 15,00

leffert

Begjin 8ste ieu.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Wrak boatsje

logo.ensafh

 

Ader, jo mienden mar dat as jo mei in wrak boatsje
de oseaan opgiene en dan fersûpten dat jo dan
in leginde wurde soene? Mar jo wurk dat wie ek wrak,

jo hiene it ambacht net yn ‘e macht. Dat jo makken
der in ein oan. En Eeltsje fynt dat prachtich.
It twifeljend lyts talint dat syn gelikense werkent.

(nei oanlieding fan Eeltsje Hettinga: Ikader. Gerben Rypma Stifting 2012)… Lês fierder