Joël Huitema

De rjochtsaak fan O tsjin U, ûnder de tsien sifers

logo.ensafh

(Nei it foarbyld fan ‘Sigma tsjin Tau’ fan Lûkianos)

Wy skriuwe 29 febrewaris 2014 dat menear O in rjochtsaak oanspant tsjin menear U op grûn fan yntimidaasje en tsjeafte. Wat dit lêste oanbelanget soe it gean om de klanken dy’t skreaun wurde mei in oerkappe u. Dizze klanken soene eartiids menear O syn eigendom west hawwe.

‘O rjochtfeardige sifers, ik wit noch dat it tafoel, de ûnrjochtfeardigens fan dizze menear U en dat it gjin needsaak wie om fanwegen te kommen. Ik koe de skea ferneare en ik bearde dat ik net seach wat der skreaun waard, allegearre út myldens. Mar troch syn arrogânsje en wetteleazens, koe ik neat oars as him te noegjen by jimme te kommen.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – maart 2014

logo.ensafh

Poëzij

Ate Grypstra
As deldwarreljende jiske – Wâldsangen & Doarpsgedichten
Gemeente Achtkarspelen, maart 2014

grypstra

Dizze bondel befettet de 16 gedichten dy’t Ate Grypstra skreau as Wâlddichter fan en foar de gemeente Achtkarspelen de ôfrûne twa jier.

Proaza

Edgar Allan Poe – Anne Tjerk Popkema (oersetting)
De skacht en de slinger
Regaad, Grins maart 2014
ISBN 9790 8219 7006 (32 siden)
Ferkeappriis € 10,00 – boekpresintaasje 28 maaie 2014

poe

‘Ik wie ynein, deaynein fan ’e lange foltering en doe’t se my lang om let losmakken en ik sitten gean koe, fielde ik hoe’t ik de sinnen ferlear. It fûnis – it freesde deafûnis – wie it lêste dúdlik ûnderskiedbere dat ik noch hearre koe.’… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Boekewikegeskink

logo.ensafh

“No is der ris in wiere skriuwer-reizger-histoarikus ree om in essee te skriuwen foar it boekewiketema reizgjen,” klage myn dochter, “en wat krije wy: in deiboek ynstee fan essee.” It tema reizgjen wie ek wol wat ûngelokkich, betocht ik, at der op de dei dat de boekewike begjint in hiele fleanmasine mei 239 reizgers spoarleas ferdwynt. “Wat ik noch minder begryp is wat de boekewike wol mei Wieringa,” sei myn dochter. “Wat wol de boekewike überhaupt! Yn 2011 hie de boekewike it doel om de rol fan it boek yn de maatskippij te fersterkjen. Mar wat is sa’n doel wurdich as se nea evaluearje at it berikt is.”… Lês fierder

Redaksjoneel en ynhâld ensafh 1, 2014

logo.ensafh

Ensafh 1, 2014

Ynhâld

3 Redaksjoneel

4 Meindert Reitsma
Krisis yn ’e Frysk-literêre kultuer? In fierdere ferkenning

21 Johannes Beers
De útfretter

25 Friduwih Riemersma
Eksistinsjele famyljesêge

29 Beart Oosterhaven
Robert Johnson

30 Menno Wigman
Undergrûnse
31 Oersetting: Geart Tigchelaar

32 Simon Oosting
Mind your step

34 Fonger Burger en John Bosma
Swarte Rein

35 Geart Tigchelaar
Syltocht

39 Sigrid Kingma
In wikseljend weromsjen

45 Meindert Reitsma
Ferhalen mei in ûndertoan fan fertriet

51 Jannie Roodhof-Pool
De knikte blom

55 Geart Tigchelaar
In komyk epos

57 Elske Kampen
Opnij

58 Joël Huitema
Passus et sepultus est

59 Johannes Beers
Twadde komst

62 Maike Bouma
It ferfal fan De Swarte

img-new

Redaksjoneel

Yn syn Skriuwerskalinder-bydrage fertelt Douwe Kootstra fan ’e wike dat er
tusken de folksferhalen dy’t er bringt ek wolris in eigentiidsk sterk stik smyt,
bygelyks it ferhaal fan lijn 20 sûnder benzine krekt foar Drachten.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (17)

logo.ensafh

Feuilleton

17

‘Ik wol Paul eins freegje oft er ek in boek oer Mahler by him hat dêr’t ik gau wat essinsjele ynformaasje oer him yn fine kin,’ sei Alexander.
‘Dat dy Paul mei teksten fan Alma Mahler oansetten kaam,’ sei Seleina, ‘ik woe der net daliks tsjin him oer begjinne, mar it skynt dat fan it byld dat sy fan Mahler ophinget net folle kloppet.’
Noch krekt foar’t se opstiigden brocht Alexander it programma nei Paul Mols werom.
‘Seleina fernuvere har der oer datst ús útlittingen fan syn frou Alma lêze lietst,’ sei Alexander, ‘Alma soe in folslein fertekene byld fan har man jûn ha.’… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Meindert Bylsma: ‘Tusken de boeken fiel ik my lokkich.’

logo.ensafh

Meindert Bylsma is berne yn 1941 yn Wergea. Troch it wurk fan syn heit (masinist op in molkfabryk) ferhuze er ferskate kearen, omdat de iene nei de oare festiging fan it fabryk opdoekt waard. Nei de middelbere skoalle folge er de oplieding ta ûnderwizer yn Ljouwert. Hy hat tsien jier skoalmaster west op in legere skoalle yn Drachten. Underwilens helle er syn akte nifeljen. Hy krige doe in baan yn Enschede, mar dreaun troch ûnwennigens kaam er nei trije jier werom nei Fryslân. Bylsma kaam mei syn frou en twa bern yn Kimswert te wenjen en hy waard learaar Nederlânsk en nifeljen oan in skoallemienskip foar leger beropsûnderwiis yn Harns.Lês fierder