Freed 21 febrewaris hie ik de eare meidwaan te meien oan it Grut Frysk Diktee fan Skanomodu, de stúdzjeferiening Frysk yn Grins. It wie in noflik barren. Henk Wolf hie in prachtige tekst makke, mei oan de ein in knappe fynst dy’t op mear manieren skreaun wurde koe. Der wie foar my gjin eare te heljen, oars: te folle flaters op it mêd fan kapitalen, keppeltekens, apostroffen en spaasjes. En ek in oantal tsjin de regels fan de Fryske stavering, ik jou it daliks ta.
By de ynstruksjes foardat it diktearjen begûn waard ik al even kjel. ‘Skrjo eksakt op wat ik sees,’ sei Henk, en dêr achteroan: ‘Doch dat neffens de offisjele stavering.’… Lês fierder

