Jelma Knol

Noch lang net útstabatmatere

logo.ensafh

It moaie fan de Lijenstiid is dat der safolle prachtige muzyk foar skreaun is. De lêste jierren konsintrearje ik my neist de Matteüs of Johannes Passy fan J.S. Bach hieltyd mear op de pronkjuwielen út de Italjaanske barok. Dy hawwe as foardiel dat se wat minder lang duorje as de Mattëus en eins geweldich fleurige, dramatyske muzyk befetsje. Fan de Mattëus en Johannes bist soms dagen fan slach en dat kinst ek net altiten brûke. De Italjanen krûpe dy wat minder heftich ûnder de hûd. In oanwinst dit jier wie trouwens ek de Brockes-Passion fan Reinhard Keiser. No noch te keap foar mar 20 euro en lykas de sjarmante dames fan de lêste goede muzykwinkel yn Ljouwert seine: feul minder swaar as Bach.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (18)

logo.ensafh

Feuilleton

18

By it delkommen hie Seleina even sicht op it eilân. Moai, dy grutter wurdende langwerpige, ûnregelmjittige, donkergrize flek yn de oseaan mei de wite râne fan ’e brâning, keale rotsen, brune, gielige en griene stikken, de kontoeren fan fulkanen, hjir en dêr beammen, de rotsige kustline, stikjes strân, diken, de stêd, it fleanfjild.
Alexander bûgde him foar har lâns om der ek in glimp fan op te fangen.
Se sei: ‘Ik wol ien fan ’e kommende dagen op it ynternet it reisferslach fan Jacob Roggeveen opsykje. Dat liket my nijsgjirrich.’
‘De ûntdekker fan it eilân, in Nederlanner, ik ha it lêzen,’ sei er.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

In miste kâns

logo.ensafh

In moai skoft lyn – oan ’e ein fan ’e foarige ieu, yn ’e tiid fan ‘Nobody’s Wife’, ‘It’s So Hard’ en ‘Sacrifice’, de grutte hits fan ’e Haachske rockdiva Anouk – skille Minke Adema fan ’e Lemmer my. Se frege wat oft se dwaan koe om mear út har sjongkarriêre te heljen. Om’t MINK, sa’t har artystenamme doe al wie, wat útstrieling oanbelange wol wat wei hie fan Anouk, en ‘wy’ sa’n stoer frouljuslûd yn it Frysk noch net hiene, haw ik har doe oanrikkemandearre om geandewei oer te skeakeljen op Frysktalich repertoire. No, goed fyftjin jier letter, leit er yn ’e winkels: Minke Adema har, tegearre mei Eelco Engelsma makke, earste Fryske cd (al hat dy noch wol in Ingelske titel) Sorry!.Lês fierder

Willem Winters

De jas

logo.ensafh

Dêr foel de foto út it oantekenboek. Dêr hie ik noch net socht en ik socht al mear as in healjier. Dy foto hat in ferhaal. It ferhaal fan de jas.

Hy hie dy jas oan doe’t er nei jierren thúskaam, dat wie yn 1957. Us mem en ik rûnen op it Breedpaad rjochting Dracht noch foar de fiskwinkel. De NTM-bus stoppe by de Haadbrêge
Der stapten minsken út. Ien fan harren rôp: ‘Dêr komt se krekt oan.’ Hy hie him ús adres frege en no kamen wy der tafallich oansetten. Oft en hoe’t de emoasjes opspilen wit ik net, allinne dat byld fan dy man yn in swarte jas dy’t út ‘e bus stapt is noch helder en skerp.… Lês fierder

Josse de Haan, Piter Boersma

De hillige Trêske fan Lizejeu

logo.ensafh

Yn it ûndersteande artikel ferliket Josse de Haan de Frânske en Nederlânske oersetting fan de roman leafdedea fan homme earnstma mei it orizjineel.
Yn syn boek Frozen moonlight yn myn hannen út 2013 hat De Haan al oer de útjefteskiednis fan it boek skreaun.
As taljochting dit:
leafdedea ferskynde foar it earst yn 1963 as bysûndere útjefte fan it tydskrift Quatrebras.
In twadde printinge, omstavere mar fierders neffens de earste printinge, ferskynde yn 1994 by de Koperative Utjowerij besoarge troch en mei in neiwurd fan Josse de Haan, mei op wurdnivo lytse oanpassings troch de auteur.
In tredde printinge ferskynde yn 1994, redigearre en besoarge troch Alpita de Jong en Teake Oppewal, neffens de twadde printinge.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Op ’en paad mei Regaad: ferslach fan in rock ’n roll literatoer

logo.ensafh

Donkergriis kleuret de moarn mei allinnich it lûd fan it tsjotterjen fan ’e fugels. De reis bringt my alderearst mei de trein nei it altiten kâldsigerige stasjon fan de stêd oer de Lauwers, Grins.
Dêrwei giet de reis wer werom nei Fryslân. Mei yn ’e auto’s it earste geastesberntsje fan de nagelnije útjouwerij Regaad, dit jier oprjochte troch de trije Fryske Grinzers Bert-René Luimstra, Anne Tjerk Popkema en Peter Boersma. Hja hawwe it ferhaal The pit and the pendulum fan Edgar Allan Poe útjûn as it kreas fersoarge en kreas oersetten boekje
De skacht en de slinger.
Hja wolle mei harren inisjatyf de boer op en dat dogge hja letterlik, op ferskate wizen.… Lês fierder