Mear as hûndert ûndertekeners fan in Oprop oan Provinsjale Steaten fan Fryslân wolle gjin nije staveringswiziging en gjin ferplichtsjende ‘standertwurdlist’ foar it Frysk.
Under oaren de heechleararen Nils Århammar, Philippus Breuker, Henry J. Baron, Germen de Haan, Siemon Reker en Goffe Jensma fine in yn april nommen beslút fan de Steaten wittenskiplik min ûnderboud en net basearre op serieus draachflakûndersyk.
De ûndertekeners, mei bekende nammen út wittenskip, kultuer en ûnderwiis, wolle net dat takomstige produkten fan de Fryske Akademy as in staveringshifker en in Grien Boekje ta stân komme mei wizigingen yn de stavering of seleksje fan standertwurden op basis fan dialektfoarmen.… Lês fierder