Stavering is suver altyd in kwestje fan emoasje, sa skriuwt ek Anne Tjerk Popkema yn in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante fan 10 maaie 2013. En dat de emoasjes yn de kwestje fan staveringsferoarings foar it Frysk heech opspylje, docht bliken út in lange rige fan ynstjoerde stikken en stikken dy’t op weblochs ensfh. publisearre binne.
It giet lykwols net allinne om in staveringskwestje: de Fryske Akademy komt yn opdracht fan Provinsje Fryslân ek mei in Standertwurdlist. Dat dêrmei de emoasjes noch heger oplôgje as allinnich mar ‘in’ staveringsferoarinkje is net sa nuver. It dialektysk ferskaat hawwe de measten tige heech en se wolle dat hoe dan ek bewarje.… Lês fierder