Ensafh kin weromsjen op in moai en suksesfol 2012. Tweintich rynsk fulde digitale jeften en sân moaie papieren nûmers hawwe wy wer útjaan kinnen. Us ynternet-tydskrift ûntfangt alle moannen sa’n 1000 unike lêzers, en der sit in moaie opgeande line yn it tal besikers fan dizze webside. Ensafh.nl is as opfolger fan Farsk in sintraal plak op it Frysktalich ynternet. It soe faaks wolris kinne dat Ensafh, nei dy fan Omrop Fryslân, de meast besjoene aktuele Frysktalige side is. En dat foar in literêr tydskrift!
Neist ús gewoane nûmers, brochten wy yn 2012 op ’e nij in Sirkwy-nûmer út, mei fjouwer essees, en in Rely-nûmer met twa sterke winners.… Lês fierder
