Hidde Boersma

Duko 1

logo.ensafh

Duko belle oan by Boele en wachte. It wie moai waar en hy hie der al hast spyt fan dat er oanbelle hie. Woe er net leaver in ein te kuierjen?
‘Ha Duko,’ sei Boele wylst er de doar foar Duko iepenhâlde.
‘Eh,’ sei Duko, ‘ik leau dat ik dochs leaver te kuierjen gean.’
‘Ek goed,’ sei Boele en hy sleat de doar wer.
Mei in wat ûnbestimd gefoel gie Duko doe mar op ’en paad. Mar dat gefoel liet er al gau farre, want hy die wat er woe, en Boele fûn it prima sa.… Lês fierder

André Looijenga

Foaropwurd 81: en no fierder sûnder stipe fan de Nederlânske oerheid

logo.ensafh

Ensafh kin weromsjen op in moai en suksesfol 2012. Tweintich rynsk fulde digitale jeften en sân moaie papieren nûmers hawwe wy wer útjaan kinnen. Us ynternet-tydskrift ûntfangt alle moannen sa’n 1000 unike lêzers, en der sit in moaie opgeande line yn it tal besikers fan dizze webside. Ensafh.nl is as opfolger fan Farsk in sintraal plak op it Frysktalich ynternet. It soe faaks wolris kinne dat Ensafh, nei dy fan Omrop Fryslân, de meast besjoene aktuele Frysktalige side is. En dat foar in literêr tydskrift!

Neist ús gewoane nûmers, brochten wy yn 2012 op ’e nij in Sirkwy-nûmer út, mei fjouwer essees, en in Rely-nûmer met twa sterke winners.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

HotSum jout twa twatalige bondels út

logo.ensafh

Utjouwerij springt yn gat dat oaren falle litte

Dizze moanne komme der twa Frysktalige poëzijbondels út by HotSum, In hazze is in lokkich bern/Een haas is een gelukkig kind fan Edwin de Groot en Ravensulver/Ravenzilver fan Abe de Vries. De nije bondels fan Abe de Vries en Edwin de Groot wurde op gedichtedei op 31 jannewaris presintearre yn Tresoar yn Ljouwert. Inisjatyfnimmers fan útjouwerij HotSum binne de âld-Farsk-bestjoersleden Abe de Vries, Jetske Bilker en Gerben de Vries en âld-Farsk-redaksjelid Ytsje Hoekstra. De útjouwerij is spesjalisearre yn Fryske poëzij en esseeïstyk.

Ytsje Hoekstra fertelt: ‘Oardel jier lyn sieten we mei ús fjouweren byïnoar yn it eardere fiskrestaurant Op Hatsum by Dronryp.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

‘Ik wie tsjûge / Ik heb gekeken’ – Edwin de Groot oer ‘In hazze is in lokkich bern’

logo.ensafh

Edwin de Groot (1963) is berne op It Hearrenfean. Hy hat in HBU-oplieding ferpleechkunde dien en wurket as tiimlieder op in operaasje-ôfdieling fan sikehûs de Tsjongerskâns. Edwin is ek redaksjelid fan Ensafh. Hy debutearre yn 2005 mei it fers Slachfjild. Nei publikaasjes yn De Moanne, Farsk, Hjir, De Contrabas en Ensafh kaam yn 2008 de dichtbondel Ik skip fan him út. Yn 2010 ferskynde de dichtbondel Tongfal, mei foto’s fan Tjibbe de Jong. Yn 2007 wûn er de Rely Jorritsmapriis foar de rige gedichten Yn it omgean. Op nasjonale gedichtedei, 31 jannewaris, komt de twatwalige bondel In hazze is in lokkich bern/Een haas is een gelukkig kind fan him út by útjouwerij HotSum.Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – jannewaris 2013

logo.ensafh

Poëzij

Edwin de Groot

In hazze is in lokkich bern | Een haas is een gelukkig kind

HotSum, Utert 2013

Presintaasje: 31 jannewaris, 16 – 17.30 oere, Tresoar

In hazze is in lokkich bern / Een haas is een gelukkig kind is Edwin de Groot’s tredde dichtbondel en syn earste twatalige. Tema’s as fergonkelikheid, de betreklikens fan ús bestean en it bestean fan de dichter foarmje wol de reade tried. Oan ‘e ein binne we inkeld in stofke yn it universum. Dat kin tryst oerkomme mar ek befrijend wêze.

Edwin de Groot (It Hearrenfean, 1963) debutearre yn 2005 mei it fers ‘Slachfjild’.Lês fierder

Anne Feddema

Dy blauwe perioade fan ’e simmer 1960

logo.ensafh

‘Se rûnen en rûnen mar troch en songen “Ivich oantinken”, en hieltyd as se ophâlden wie it krekt, as oft harren skonken, de hynders, de wynflappen, op harren eigen ritme trochgongen mei sjongen.’ (Dokter Zjivago)

De heit en mem fan Ate Zondervan rûnen senuweftich om it lytse wite Simcaatsje hinne. It wie simmer 1960, in strjitte yn in saneamde ‘bettere’, arbeidersbuert yn Ljouwert.

Heit en dus de famylje Zondervan wienen de earste yn ’e strjitte west mei in eigen wein. Dêr wie heit Pyt tige grutsk op… sýn pronkjuwiel op tsjillen. Fan syn gaadlik plakje ôf op ’e efterbank seach Ate, in goederlaakse, kreaze jonge fan goed fyftjin, mei in pear priemkjende brune eagen en in reade krollekop, nei syn âlden, dy’t wol wat wei hienen fan twa clowns yn in sirkus…

Aanst soenen se drok en yn panyk tsjin elkoar oprinne, om’t it autootsje yn ’e brân stie en út ’e brânspuit allinne mar kleure serpentines kamen.… Lês fierder