Troch de koroana-krisis is it wat letter wurden as dat de bedoeling wie, mar sa’t it no liket is Stephen de Jong syn nijste film ‘De Geast fan Greonterp’ yn Maaie 2021 yn de bioskoop te sjen. It is de earste echte Frysktalige horrorfilm fan formaat. Haadrolspilers binne ûnder oaren Anneke Douma, Fabricio Ungaretti en Jan Bijma.
Jo kinne alfêst nei de soundtrack harkje, komponearre troch Klaas Jan Vriezema..

