Johannes Beers

Besprek oersetting mearkes fan Grimm

logo.ensafh

As bern hast gjin kar: mearkes komst oeral tsjin. It hat gjin doel dy der tsjin te fersetten, want oft it no in printeboek is, Disney-DVD of in ferhaal dat de juf fan it pjutteboartersplak fertelt, Readkapke, Frou Holle en Sniewytsje sykje dy allegear yn de earste jierren fan dyn libben op. Al kinne wy allegear de ferhaaltsjes wol neifertelle, dochs is it mar de fraach hoe goed wy de mearkes echt kenne.

Hokker heit fertelt hjoed-de-dei noch dat der mear as ien west hat dy’t besocht hat Toarnroaske te sykjen yn it kastiel dat mei toarnstruken begroeid wie. Hja stjerren in tryste dea, nei’t se fêstrekke wiene yn de struken.… Lês fierder

Rein de Lange

wintermoarn

logo.ensafh

as ik mei mysels praat hinget de romte fol mei wurden
en yn elts skaad sjoch ik in útdrukking fan dyn gesicht
bûten is it dampich, auto’s litte klinkers sankjes sjonge

myn hert trillet my dyn djipste lusten ta
ik rûk oan dyn shirt
it hat dyn hûd noch net ferjitten… Lês fierder

Date Salverda

In trystferhaal

logo.ensafh

As ik myn libben ris oereidzje, sa oan de ein fan it jier, is der net folle bard dêr’t ik spyt fan ha. Ik bin kristlik grutbrocht en ha altiten libbe sa’t in kristen libje moat, dat wol sizze gehoarsum wêze oan de Heare, deugdsum wêze tsjinoer de meiminske en net materialistysk. Dat gong my yn it generaal net min ôf, al sis ik it sels. Mar der is ien ding út it ferline dat my noch altiten dwerssit.

It barde yn in winter earne healwei de jierren santich. Ik wie in teener en gong lykas alle grifformearde jonges en famkes ien kear yn de wike op freedtejûn nei kattegisaasje.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

Kompensaasje / pgb

logo.ensafh

KOMPENSAASJE

Ik krige in ynformaasjebrief fan it buro WMO fanwege myn PGB. In prachtbrief. Ik haw him Annek foarlêzen. We wiene slop fan ’t laitsjen. Foar in amtlike brief is er aardich helder, mar der sitte sokke moaie sintsjes yn. It begjint dermei dat de gemeente tajout dat besunigjen op it PGB en it kollektyf ferfier ‘niet is toegestaan op de wijze waarop we dat hebben gedaan. Daarom heeft de gemeente besloten om het PGB dit jaar weer naar de oude situatie te herstellen.’ Hjir swijt men oer in pear saken: der stiet net dat besunigje net mei, op syn Ljouwerters mei it net.… Lês fierder

Jelma Knol

Lang leve Neven

logo.ensafh

Wat hat dyn foarkar foar in sjongstim mei dyn seksuele aard te krijen?
Peter van der Lint skreau dêr ferline wike yn Trouw in bûtengewoan geastich stikje oer. Manlike homo’s hâlde fan glamoureuze operadiva’s, lesbo’s fan counter-tenors, ensafuorthinne.
Ja, it sit by ús thús wol goed, tige tank Peter. Wy witte wer even presys wat en wa wy binne. Man hâldt net fan gillende sopranen, ik bin gek op countertenors, mar wer net op dat izich hege stimke fan Dominique Wisse. Jou my James Bowman mar, fan wa’t ik oars ek net wit wat er is. Mar jou my fral Alfred Deller.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ‘e planke – Desimber 2012

logo.ensafh

Poëzij

Atze Bosch

Neilêzing

KFFB, Dokkum 2012

ISBN 97890 7491 8930

Ferkeappriis € 15,00

In letbloeier, sa soe men de dichter Atze Bosch (1927-2011) wol neame kinne. Syn earste eigen dichtbondel Alles op syn tiid ferskynde pas yn 2009. Doe’t syn ierdske libbensreis dien wie, lei der noch mear as genôch om in twadde bondel út te jaan. Dat is Neilêzing wurden.
Bosch syn teksten sprekke oan troch suver en linich taalgebrûk en springe der bytiden út troch geastige en geastlike rykdom.

Atze Bosch begûn syn dichterlik wurk as oersetter fan koarlieten foar it Kritekoar yn Hilversum, dêr’t er doe syn wurk hie.Lês fierder

André Looijenga

Foaropwurd 78: ensafhierder

logo.ensafh

Wy binne ensafh: wy geane fierder, wy geane troch. De namme fan ús literêr tydskrift jout al oan dat wy sels it ferfolch binne. Hast fjouwer jier lyn is it dat Farsk en Hjir ien waarden as ensafh. Hast tachtich digitale nûmers binne der makke, en yntusken sânentweintich papieren nûmers. En wy geane troch. Ensafh giet fierder.

Op dit stuit binne wy as redaksje ekstra drok dwaande mei de takomst fan ensafh. Der sille dingen feroarje. Hoe’t wy ús fernije wolle, sille wy ynkoarten sjen litte, op jo kompjûterskerm en op papier.

Mar jo kinne der wis fan wêze dat wy it miene mei de Fryske literatuer!… Lês fierder