Li Yannian, Piter Boersma

in liet

logo.ensafh

der wennet in moaie frou yn noardergea
yn dizze wrâld is dy frou sûnder wjergea
se ferdylget in stêd ast ien kear omsjochst
se ferdylget de steat ast it nochris dochst
fansels ferdylget se de steat en de stêd
fynst net wer sa’n moaie frou om mei op bêd

Oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Li Yannian libbe sa’n 150 jier foar Kristus. Hy wie in sjonger oan it hof fan keizer Wu.)Lês fierder

Friduwih Riemersma

De boekekast

logo.ensafh

Fan in Billy, de Ikea-boekenkast dy’t alle studinten op har keamer hawwe, lei de ôfseage boppekant by it túch bûtendoar. Ut myn keukenrút op trije heech wei ûntduts ik fierderop in steapeltsje boeken. Ik bin der nei ta gien. By ús jildt it as in sosjale faux pas om boeken fuort te smiten. Dus dat ien de boppekant fan syn boekekast mei ynhâld en al op ‘e dyk goaid hie fassinearre my lykas in misdied; ik woe jizzelje en útfine hoe’t it safier kommen wie.

Op de trep nei ûnderen ta passearren my de senario’s. Boeken sammelje wie foarhinne foar rike minsken; earme minsken hienen tink ik allinnich in bibel en dy makke oare boeken oerstallich.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

It skolp’rige wiet

logo.ensafh

Om it jier 2000 hinne wiene der twa bands yn Fryslân dy’t de toan oanjoegen: De Kast en Reboelje. Earstneamde, foaral Hollânsktalige, groep hat bestien fan 1992 oant 2004 en is sûnt ein 2006 fannijs warber yn har meast suksesfolle besetting, nammentlik dy mei Syb van der Ploeg as sjonger-frontman en mei Nico Outhuijse as drummer. It folslein Frysktalige Reboelje fierde triomfen tusken 1987 en 2003.
Dizze hjerst ferskynde lang om let it earste alhielendal Frysktalige album fan De Kast: Dreamflecht yn de tiid. Fan ’e eardere grutte man fan Reboelje, sjonger-toetsenist Marius de Boer, kaam, ûnder de flagge fan Mariusz & de Muzikanten, de cd De nacht wachtetút.… Lês fierder

Sigrid Kingma

Dassehumor yn in geef en sêft printeboek

logo.ensafh

Knipperke, it berneboekewykgeskink fan ’t jier, kin net oars as in grut súkses wurde. It printeboek fan skriuwster Lida Dykstra en yllustrator Natascha Stenvert is werklik in plaatsje. Dykstra hat lyktidich in Nederlânske oersetting makke ûnder de titel Dutje dy’t earder fan ’t jier al ferskynd is. Lida Dykstra is fansels bekend as berneboekeskriuwster, mar Natascha Stenvert is yn en bûten Nederlân ek in grutte namme op it gebiet fan yllustraasjes. Stenvert yllustrearret njonken berneboeken ek printeboeken foar folwoeksenen. Bysûnder is dat se ek alris in boek sûnder tekst makke hat. Yn Knipperke hawwe de yllustraasjes in grut oandiel yn it boek.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Watertromboat

logo.ensafh

Muzebiter skeurt ’n mol hol pipend útnander op dampaal.
Kroasspraai izermenyroad opdreven tun dam.
Feenswarte Friese peerden frete hooi út mintgroene plestik baal.

Klotswyn slaat maat op watertromboat.
Halve regenboog boven Wâldwei.
Lucht griis as de tank fan ’n melkauto.

De regenkleuren ferdwine in iisblau:
Oneandige, opklaarde wolkerúmte boven ploegd lând
en maïsstoppels met ferfomfaaid raid.

Nij winterwait op kopêgde akkers, ferkrúmmelde klaai,
Bach’s clavecimbelfantasy in A-klain
en ’n halve guillotine-maan boven autobaan.

It fers ‘Watertromboat’ makket diel út fan Hein Jaap Hilarides syn syklus ’t Onfermijdlike, dy’t yn it lêste papieren nûmer fan 2012 (ensafh 7) yntegraal ferskine sil.Lês fierder

Hedwig Terpstra

‘Troch in efterdoar’ – Elske Kampen, winneres Fedde Schurerprizen 2012

logo.ensafh

Elske Kampen (Burdaard, 1955) hat op 12 oktober ll. de Fedde Schurersjuerypriis en de Fedde Schurerpublykspriis krigen foar har dichtbondel Fan glês it brekken (2010). Sa’t it no liket wie dat de lêste kear dat de Fedde Schurerpriis útrikt waard, fanwege de besunigings troch de provinsje op de literêre prizen. Elske is opgroeid yn Burgum, hat de Pedagogyske Akademy yn Drachten dien en letter noch de learare-oplieding tekenjen yn Ljouwert. Net om les te jaan, mar om har dwaande te hâlden mei tekenjen en skilderjen. Nei har fyftichste begûn se mei dichtsjen. Se wûn yn 2008 de Rely Jorritsmapriis foar it fers Trije Dagen en it ferhaal De Opdracht en yn 2009 foar it fers Sy is, taal is altyd.Lês fierder