Hedwig Terpstra

‘Troch in efterdoar’ – Elske Kampen, winneres Fedde Schurerprizen 2012

logo.ensafh

Elske Kampen (Burdaard, 1955) hat op 12 oktober ll. de Fedde Schurersjuerypriis en de Fedde Schurerpublykspriis krigen foar har dichtbondel Fan glês it brekken (2010). Sa’t it no liket wie dat de lêste kear dat de Fedde Schurerpriis útrikt waard, fanwege de besunigings troch de provinsje op de literêre prizen. Elske is opgroeid yn Burgum, hat de Pedagogyske Akademy yn Drachten dien en letter noch de learare-oplieding tekenjen yn Ljouwert. Net om les te jaan, mar om har dwaande te hâlden mei tekenjen en skilderjen. Nei har fyftichste begûn se mei dichtsjen. Se wûn yn 2008 de Rely Jorritsmapriis foar it fers Trije Dagen en it ferhaal De Opdracht en yn 2009 foar it fers Sy is, taal is altyd.Lês fierder

Ferdinand de Jong

Bling bling

logo.ensafh

Ik bin in sportmaniak. Passyf, dat dan wol wer. Sûnt ik yn de D1 fan Heerenveense Boys op de trening in skop tsjin de knibbel krige, sei dokter dat ik mar better net wer fuotbalje moast. Dat wie spitich, mar ik ha my der by dellein.

Der binne in soad sporten dy’t ik folgje. In oare eigenskip fan my is, dat ik kwa sport belibjen konservatyf bin.

It is in helder ferhaal. Jo lûke twa streken, efter de iene begjinne jo, en wa’t as earste oer de einstreek komt, is de winner. Rinnend, op de fyts, op in motor of yn in auto.… Lês fierder

Moaie ôfwikseljende poezijjûn yn de Grinzer Pein

logo.ensafh

Fjouwer hiel ferskillende manlju mei elk in hiel eigen styl, bûn troch harren geografyske komôf en harren skriuwer- en freonskip. Yn it nije Baron Theater yn de Grinzer Pein hienen Melle Hijlkema, Klaas Duursma, Willem Tjebbe Oostenbrink en Meindert Talma ôfrûne freedtejûn 16 novimber in literêre jûn organisearre mei as tema ‘Opende – Gat van ellende?’. It die bliken dat soks wier wol tafalt en dat it yn Oude Pekela altiten noch slimmer is.


Meindert Talma

Meindert Talma fersoarge de muzyk dizze jûn, mei rjocht-foar-syn-raap-ferskes oer fuotballers, Strandheem en de Stadskabouter mei syn synthesizer-muzyk. Ek lies Talma in stik út syn debuutroman Dammen met Ome Hajo foar, dêr’t er in tige komysk harkspul fan makke mei syn werjefte fan de lokale radiopiraat de Stille Genieter.… Lês fierder

Andre Looijenga

Foaropwurd 77: net de slachrjemme, mar de oranjekoeke

logo.ensafh

Dit nije nûmer fan ensafh wol ik perfoarst net negatyf begjinne. It is se ommers slagge yn Grins, nei in jier lang krewearjen (dat guon aksjefierders djoere stúdzjefertraging koste hat): de universitêre stúdzje Frysk bliuwt behâlden! Alteast, der is jild fûn foar seis jier. Goffe Jensma en dy hawwe dêrta winliken de frisistyk op ’e nij útfine moatten, mei ‘meartaligens’ as it sintrale biedwurd en mei Ingelsktalich ûnderwiis. It hat in ûnmooglike poepetoer west, mar der is no wer mear takomst foar de akademyske bestudearring fan it Frysk.

Wat sa ôfgryslik frustrearret, is dat it hjir altiten sa’n poepetoer wêze moat, om dingen yn stân te hâlden dy’t ornaris as basisfoarsjennings jilde of dy’t yn elts gefal altyd ridlik liken te wurkjen.… Lês fierder

Daam de Vries

Ik hâld myn folk net foar it lapke

logo.ensafh

Rûchwei ha wy twa soarten sensuer: saken dy’t ferbean wurde en saken dy’t ús oplein wurde. Meast tinke wy by sensuer oan it skreaune wurd mar dat hoecht wat my oanbelanget net.

It twa kear beëdigjen fan ministers moat om’t it folk sjen kinne moat dat ien en oar wier bard is. Earder mochten wy soks net sjen. Dat wie sensuer. Dizze toanielspilerij is dat fansels likegoed. Yn in wat slimmere mar foar it each tûkere foarm.

It komt leau ik hjoeddedei net mear foar, mar foarhinne moasten de skoalberntsjes ferplichte rjochts skriuwe. En dat waard der nei’t ik mien yn slein.… Lês fierder

Nyk de Vries

Barbecue

logo.ensafh

Us relaasjegelok wie sa grut dat ik der nerveus fan waard. Al yn ‘e earste wike fan ‘e simmerfakânsje wist ik neat oars te betinken as it stikken te meitsjen. ‘Lit ik it dwaan foar’t de buorman it docht,’ mompele ik, wylst ik de karavan achterút de Mar fan Genève yn begûn te riden. Mar myn freondinne learde my al wat kennen. Se hie it oankommen sjoen. Se hie maatregels naam – touwen spand en linen lein om it ding op syn plak te hâlden. Se hie de eangst fan har freon om samar te sizzen ynbûn, en dy jûns wienen we al wer lekker oan it barbecueën.… Lês fierder