Anne Feddema

Tiden hawwe tiden

logo.ensafh

Yn in tiidsbestek fan in pear wike is sawat alles om ús hinne mear as yngeand feroare.
Der sille grif minsken wêze dy’t op it stuit in deiboek byhâlde om letter noch ris te lêzen wat der allegear barde, hoe en wannear en wêr. Wer oaren dogge  fuortendaalks in graai nei likes en pleatse har prakkesaasjes op Facebook of hingje de blogger út mei filmkes en al.
Ik haw dan mar moai…of net…in kollum, in poadium…noch wol, je witte it nea en binne dit myn lêste rigels, dy’t publisearre wurde sille.
Sneon fjirtjin maart begûn it op te fallen  dat der feroaring yn ’e loft siet ek by ús yn ’e buert.… Lês fierder

Anne Feddema

Fermento

logo.ensafh

Okkerdeis siet ik wer ris yn ’e bus, minsken dy’t wolris eat fan my lêze, tinke miskien dat ik in fêst sitplak foar it libben yn in FlixBus haw, mar sa is it net, hear.
Ik siet no yn in gewoane Q-liner, in bus fan Arriva.
Ik wie op wei nei Alkmaar om in tentoanstelling te besjen yn it Museum Alkmaar, dêr’t behoarlik wat keunst te sjen is fan ’e sabeare Bergense School.
Keunst fan begjin tweintichste iuw, in krusing tusken Frânsk kubisme en Dútsk ekspresjonisme. In pear jier ferlyn wie der yn Alkmaar in ekspo te sjen oer de tiid dy’t Picasso yn 1905 yn Skoorl en omkriten trochbrocht hie en it wurk dêr en letter, op basis fan sketsen yn Parys makke.… Lês fierder