– Poëzij –

Dam, Eppie
Mem sjoch boi
Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2012
ISBN 97890 3300 3462 (80 siden)
Ferkeappriis € 15,-
Eppie Dam is bekend as dichter, skriuwer fan berneboeken en koarte ferhalen en novellen en as biograaf fan Abe Lenstra, Foppe de Haan en Henk Kroes.
Syn nijste dichtbondel Mem sjoch boi giet oer alle fasetten fan it memwêzen. It binne prachtige gedichten oer de yntime relaasje tusken mem en soan; poëzij oer in tear en faak ek kwetsber ûnderwerp.
Yn seisenfyftich foarmfêste fersen mei omearmjend rym siket Eppie Dam nei de M fan Mem. Fertroude assosjaasjes lykas leafde en beskerming foarmje de moaie kant fan har ferhaal.
