Anonymus, Piter Boersma

drinkende boeren

logo.ensafh

de gast is dronken de boer lyksa en ek de feint is oer syn teewetter
se sjonge in hoart se dûnsje in hoart se laitsje har in skoft te pletter
ek al is men tritich ek al is men fyftich ek al is men tachtich jier
do giest op ’e knibbels hy giet op ’e knibbels en ek ik lis oer de flier
en sûnder muzyk fan drokke fluiten sûnder muzyk fan snaren hiel rap
sûnder trommeslaggen sûnder it stampen fan fuotten sûnder hângeklap
drinke se troch oant einlings de reade sinne weiwurdt ûnder it eachein
de potten oan diggels de skalen ek en lyksa de boarden oan smots slein

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it sinese orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.LLês fierder

Brief oan de deputearre

logo.ensafh

Achte skriuwer,

As organisatoaren fan Projekt P by de priisútrikking fan de Obe en de Fedde wolle wy noch in ferfolch jaan op de aksje fan 12 oktober. Dy middeis ha goed tritich skriuwers meidien, dêrneist hienen wy tweintich ôfberjochten krigen fan skriuwers dy’t witte lieten it in ‘baas aksje’ te finen, mar gjin tiid frij meitsje te kinnen. Oer it foarnimmen fan de provinsje de beide prizen ôf te skaffen binne tal fan stikken yn de media ferskynd, ûnder mear fan André Looijenga en Anne Tjerk Popkema yn de Ljouwerter.

‘Aksjefiere’ is ien ding, mar der moat, tinke wy noch al in ferfolch op komme.… Lês fierder

Six Friesian poets

logo.ensafh

Tsead Bruinja, Anne Feddema, Elmar Kuiper, Albertina Soepboer, Abe de Vries en Cornelis van der Wal lêze harren poëzij mei Ingelske oersettings.

In Wyld Hynder produksje fan Elmar Kuiper en Marc Kooij.

Lês fierder

André Looijenga

Foaropwurd: aksje! aksje!

logo.ensafh

Wylst dit foaropwurd online ferskynt, sit de einredakteur fan de digy yn Fes, de eardere haadstêd fan Marokko. Grif sjocht er út oer de midsieuske doelhôven fan de medina, nei hoe’t de stompe minaretten it lêste jûnsljocht heine.

Hoe moai’t it yn Fes ek is, it muoit my tige dat ik no net by de Obe-en-Fedde-útrikking west haw. Ik nim oan dat de skriuwersaksje tsjin it ôfskaffen fan beide provinsjale literêre prizen goed beteard is, en dat de reboelje de Provinsjale Steaten oantrune sil om by de Deputearren op dizze maatregel werom te kommen. It moat jitris sein wurde ommers, ceterum censeo etc…: it soe in grutte skande wêze as de Fedde Schurer- en Obe Postmapriis sûnder hokfoar ûnderbouwing sa-ynienen skrast waarden.… Lês fierder