Nyk de Vries

Moeras

logo.ensafh

Us streek wie sompich en foar safier’t ik wist siet gjinien dêr te wachtsjen op krêftich liederskip. It tierde by ús prima sûnder fisy. Wy hienen in dúdlike foarkar foar in swak bestjoer, gewoanwei om’t we gjin inkele baat hienen by lju dy’t de saak yn in goeie rjochting stjoere soenen – it soe de ferhâldings allinnich mar fersteure. Dêrom seach ik sûnder eangst de ferkiezings temjitte. Moarns dronk ik in glês bier en tsjin fiven stimde ik mei in protte wille op in klown dy’t it lân fierder it moeras yn helpe soe. It is dêr’t we bedije.… Lês fierder

Han Yu, Piter Boersma

ôfwaaide blêden, by it ôfskied fan Chen Yu

logo.ensafh

der is gjin rêst foar ôfwaaide blêden
it losslein doarmkrûd is net te rêden
proai fan ’e wyn dat skieden fan inoar
by tafal tegearre koart byinoar

de stilte fan de nacht heart ús petear
oan de himel ljochtet de moanne klear
wa neamde dat in jongkeardelsôfskied
in triennefloed makket ús klean trochwiet

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Han Yu libbe fan 768-824.)Lês fierder

Hedwig Terpstra

Ferdinand de Jong: ‘We moatte grutsk op it Frysk wêze!’

logo.ensafh

Ferdinand de Jong (1969) is berne yn Oranjewâld en wennet no mei frou en twa dochters yn Boarnburgum. Hy hat de Middelbere Lânbouskoalle dien en wurket as zzp-er. Yn 2010 skreau er de spionaazjeroman Guozzeflecht. Yn 2011 ferskynde de roman It dak fan de wrâld en dit jier krige er dêr de Rink van der Velde-priis foar. Yn de maityd fan dit jier ferskynde de plysjeroman De lêste trúk.


Wêr giet De lêste trúk oer en hoe is it boek ta stân kaam?
Ferdinand: ‘It boek giet oer resjersjeur Evert Jaarsma, dy’t de hannen fol hat oan syn plysjewurk.… Lês fierder

Willem Schoorstra

Frysk en fierder

logo.ensafh

It publisearjen fan it pamflet Oer Erfskip en Nasjonaliteit hat, neist dat it opskuor joech, ek dúdlik makke dat der ferlet fan mear en eksplisiter ynformaasje wie. Net sasear technise ynformaasje as wol in eachweid op in takomst út Frysk perspektyf wei. Fierders hat it ek bleatlein dat emoasjes in beskate rol spylje sadree’t it oer identiteit en komôf giet. Op himsels hoecht dat net slim te wêzen. Foar in hiele protte minsken is it nij om serieus nei jins identiteit te sjen, om út te finen wat dat seit en betsjutte kin foar jins posysje yn de maatskippij en, yn grutter ferbân, de wrâld.… Lês fierder

Henk van der Veer

Frij naar Rutger Kopland (1934-2012)

logo.ensafh

Fertrek fan dochter

Se moest inderdaad fut, ik hew ut siën
an har gesicht dat langsem feranderde
fan dy fan kyn in dy fan fryndin
fan dy fan froeger in dy fan nau

En foëld en rúkt at se mij túte,
un húd en un haar dy’t nyt mear foar mij
bedoëld was, krekt su as froeger,
toen we de tiid nòch hadden.

Der was in oans hús un weareld fan ferlangen,
geluk, pine en ferdryt groeid, in har
kamerke dêr’t se fersamelde wat se met
nimme sú, har herinnerings.

Nau’t se fut is, kiek ik út ut slaapkamersraam en siën
krekt datselde útsicht, eksakt dy
selde weareld fan twintech jaar werom,
toen ik hier woanen kwam.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Ik bin al delsketten

logo.ensafh

De buorman frege at ik foar syn skodoarteater in stikje skriuwe woe. It moast gean oer in ferneamde held fan my dy’t fan syn fuotstik foel. Dy hie ik net paraat. In oantinken oan sa’n ien like my tsjinstridich; ien hoedet syn sosjaal oansjen foar diskredyt troch te besykjen in fallen held út de histoarje te feien. Lykwols belove ik der oer nei te tinken. Myn puberale listke Favorite Manlju, yn de kategoryen Dea en Libben, soe einlik syn nut bewize kinne. It ferskynsel fan de heldeferearing wie miskien nijsgjirrich. Myn helden en harren ûntearing wienen inoar grif opfolge troch de jierren hinne, nei alle gedachten faak om deselde reden fan ûnfolsleinens.… Lês fierder