Hjoed in troch de techneuten fan Omrop ôfstoffe, en in bytsje oerprodusearre opname fan de groep Swart, út Dronryp, mei it nûmer Dea. It oarspronklike nûmer datearret wierskynlik fan 1992. Yntusken binne alle bandleden … Jo riede it al.
Hjoed in troch de techneuten fan Omrop ôfstoffe, en in bytsje oerprodusearre opname fan de groep Swart, út Dronryp, mei it nûmer Dea. It oarspronklike nûmer datearret wierskynlik fan 1992. Yntusken binne alle bandleden … Jo riede it al.
Twaentweintich july, moarns in kertier foar fiven…FYTSEALLEMIEREN. Op ’e fyts, rjochting Grins. Yn elts gefal moat ik earst dêrhinne en der dan nochris trochhinne én foarby. Ik sil nei Dangast…wêr yn ’e goedichheid leit dat?…komt noch. We binne noch mar krekt op ’en paad no? De loft is pears-oranje-kraplak, de nacht wol noch efkes bliuwe mar dat sit der net yn. It simmerljocht wurdt gewoanwei stadichoan te sterk. Dit binne de kleuren fan it noarden, fan bygelyks Emil Nolde, selsbeneamde Germaan by útstek, dy ‘boreale’ ferve-ynstek wie nammers lang net genôch, om him op te nimmen yn it gilde fan de byldzjende Neonephellenisten fan it Tredde Ryk.… Lês fierder
Sân maaie 2019, in bysûnder skiere dei en fierstente kâld foar de tiid fan it jier, middeis. Wis noch gjin maitiid om efkes lekker yn ’e tún te sitten. Moarns haw ik noch op paad west, in serendipiteitskuierke út gewoante. Ik rin dan nei de Omrin-twaddehâns-negoasjewinkel, yn ’e Voltastrjitte op it yndustryterrein West yn Ljouwert (witte jimme dát ek wer en kinne jimme sels oan serendipiteitskuierkes begjinne) om dus neat spesjaals te sykjen en altiten eat te finen. Ik sjoch dan altyd by de keunstboeken, by de oare boeken mei ik fan mysels al in hiel skoft net mear sjen, want eins, de minsken dy’t by my west hawwe witte wêr’t ik it oer haw, soe der gjin boek, ek gjin keunstboek, by yn moatte, ik soe se sels ferkeapje moatte, mar sels mei in revolver op ’e holle, soe ik dat noch net kinne.… Lês fierder
Harkje nei in unike opname fan Dea hynder, in band dy’t nei alle gedachten mar in pear wiken bestien hat. Renee Koster fan de Omrop hat in opname op tape út it jier 1969 weromfûn, en de techneuten fan de Omrop hawwe it titelleaze nûmer hielendal oplape. Yn oerlis mei de dochter fan de spitigernôch betiid oan de drugs ferstoarne gitarist Jan Rypkema hawwe wy it nûmer Stinne ’69 neamd. Klik hjirre foar de muzyk… Lês fierder
Wat wol der Feddema? Wat fynt er leuk? Tja, no…LEUK is foar my in té hjoeddeistige-útkôge-kaugom-gebrûks-gearfetting. It libben fan no is ien oanhâldend audiofisueel bombardemint fan ’e meast útienrinnende saken. Meitsje dêr noch mar ris, as in gewoan, dimmen minske, in ferantwurde kar út. Wat kinne we dan wol sizze? Wat witte we oant no ta…Wát wit ík! Ik sil it jimme earlik fertelle: Ik bin gek op film…altyd al west. Eat dat my hieltyd wer yn it sin komt: Ik bin in jier as trije, fjouwer en ik gean my ús heit (pappe) nei de Ljouwerter bioskoop, op ’e drokke kant fan ’e Nijstêd.… Lês fierder
Harkje nei in nije ferzje fan dit ferneamde liet, songen troch Klaas Jansma, mei begelieding fan de Skippers. Klik op Klaas.