De oare deis rûn er mei de fyts oan de hân nei de oerhaal en pinige him de holle wa’t Thérêse wol net wêze mocht. Thérêse fan der Geast hie belle en om him frege. Syn heit hie lykwols it tillefoannmer net opskreaun. Sybren koe nimmen dy’t Thérêse hiet.
Mei de krêft fan heechsimmer opponearre de sinne him mids de wolkens dy’t fluch út inoar dreaune. De dampen fan it simmerbuike stiigden op fan de strjitte, dy’t ynienen fol jongerein wie, as hiene se har ferskûl holden om tefoarskyn te kommen as it safier wie. Se ferdwûnen yn kafetaria, pizzeria of bistro.… Lês fierder