Iensum bi de Sinees. Kenne jo dy útdrukking?
https://youtu.be/G0M6BszEsqw… Lês fierder
Harkje nei de Bamyblues, fan Wigle Wang en Taco Tan. Klik op ‘Lês fierder’ foar foto’s fan de twa artysten.
https://soundcloud.com/duo-von-daniken/bamyblues-13-08-2018-1208

Taco Tan

Wigle Wang
Klik hjir foar it nûmer Ik bin su blied .
Ik bin su blied is in nij nûmer fan it trendy retroduo KH18, dat bestiet út de Ljouwerters Keimpe Samplonius en Hylke Bakker. Beide muzikanten binne noch mar 18 jier, dat ferklearret harren bandnamme. Hoe it duo it oare jier hjitte sil, is noch net bekend.
Depresje, as njonkenaktiviteit of depresje as boarne foar myn keunst?
In fleurich begjin fan in kollum fan in kwasi-filosofyske Freud fan Fryslân, sille jimme no wol tinke. En it is fansels ek gjin ûnderwerp dat bedoeld is om net mear by te kommen fan it laitsjen. In skoftke lyn is in hiel goede freon fan my ferstoarn. Ien dêr’t ik de lêste jierren in hiel goed en djip kontakt hie. Wy dolden om yn ’e geast, oer keunst en fan alles en noch wat. Nei in hiel skoft siik wêzen en mei gjin ferbettering yn sicht foar de takomst fûn er it genôch en hat er besletten, om sa’t er sels sei, de stekker der út te lûken.… Lês fierder
Buorfrou en Buorfrou wolle ek wolris wat oars. Se jouwe har op foar de poëzijkursus fan Bert Looper. En wat der dan allegear bart! Klik op ‘e foto foar wer in kultureel tige heechsteand harkspul:
Ék ús superhelden
Wienen ea lyts
Batman, Spinneman
Superman, neam
Mar op de hiele hannel
Batman, Spinneman
Oerkaam it letter
Yn har libben
Superman waard
Gewoanwei sa berne
Mei ûnferwinlike krêft
Ruften bûtenierdske
Kearndampen
Kryptonrook
By de earste
Bûtertosken
Superjoktetoskfleis
Oeral op kôgje wolle
Pleechâlden dy’t net
Fatsoenlik mear
Oan ’e itenstafel
Sitte koenen op
Stuollen sûnder poaten. … Lês fierder
Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 wiene de ferneamde Tibetaanske goeroe Sogyal Baklama en syn jongste soan ferline wike yn Fryslân foar in geheim konsert, tegearre mei de slachwurkers en it koar fan it NNO. Sietse Prûmsma wurke ek oan it konsert mei, Prûmsma makke fûgellûden, sa’t allinnich hy dat kin. Koartsein: in unyk konsert, dêr’t Duo von Däniken opnamen fan makke hat.
https://soundcloud.com/duo-von-daniken/baklama… Lês fierder