Sigrid Kingma

Sicht op de klaai

logo.ensafh

it tuorke fan de tsjerke stekt troch de beammen
net dy tsjerke fan de mummys
net elke oare tsjerke dy’t sprekken lije mei
gewoan in tsjerke mei in steal beammen
der giet in paadsje hinne mar ik kin der net yn.
op ’e kleasterdyk is it útsjoch oer it klaailân fier
soe Piter Wilkens hjir oer sjonge?
ik dûbelklik op de wei en spring foarút
werhelje dat springen oant ik in krusing tsjinkom
Wiuwert wurdt oanjûn mar ik wurd bedondere
read-wyt-blauflachjes brekke it lanlik oansjoch
Sinteklaas stiet te spytgnyskjen yn de sinne
hy keart my, ik mei de buorren net yn
in linige draai nei rjochts lit my boatsjes sjen
och, der is wetter, mar dat mei gjin namme ha
ik skrol in stikje, de hûzen wurde lytser
it gers wurdt griener
der komme lytse letters boppe de greide te stean
je sille der mar wenje
ik skrol oant ik Mantgum sjoch
52 minuten rinnen seit de sidebar
ik bin út de rie en slút it finster
de navigaasje moat mar mei… Lês fierder

Jelma Knol

Pluk fan de Petteflet: it evangeelje foar bern

logo.ensafh

Fan Annie M.G. har libben wist ik foar de biografy fan Annejet van der Zijl ferskynde allinne in pear globale feiten: dat se in dûmnysdochter út Seelân wie, bibliotekaresse waard en dat har gloarjetiid flak nei de oarloch by it Parool begûn. Ik haw har ienkear yn it echt sjoen: yn Amsterdam, yn de bioskoop by de ferneamde film Mephistofeles mei Klaus Maria Brandauer. Dêr skode se yn de rige foar my oan mei Parool-kollega Jeanne Roos. Ik werkende de froulju daliks. Wat hiene se in wille mei har beiden, foar de film begûn! De grumpy old-lady dy’t Annie M.G. yn de lettere televyzjesearje foarstelle moast, wie noch hiel fier fuort.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Cornelis van der Wal

logo.ensafh

‘By astrology giet it om it foarút sjen of fielen wat der barre sil, yn de wittenskip dat de tiid net bestiet.’

‘Kristus Pavlov’ hjit de nijste bondel fan Cornelis van der Wal (1956) dy’t dizze moanne útkommen is. It is syn sechde dichtbondel. Mei syn earste dichtbondel ‘In nêst jonge magneten’ wûn er yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Yn 2008 skreau er de novelle ‘Kening Kees’. Hy is redakteur en webmaster fan Ensafh en hat twa jier lang literatuerbesprekken skreaun foar it Friesch Dagblad. Hy hat achttjin jier yn Grins wenne en wennet no sûnt twa jier yn de binnenstêd fan Snits.Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Minsken, helje de sjampanje út ’e kast, want it is tiid foar in feestje. De digitale ensafh sjocht no Abraham! De fyftichste ôflevering al wer, en wat foar ien! Abraham krijt al in aardich búkje, sa fol sit er!
Op nei de hûndert!

Poëzij

In fers fan Sigrid Kingma mei as oanlieding de bondelpresintaasje fan Cornelis van der Wal yn Britswert.
De Rolling Stones spylje op de Montjuïc, neffens Anne Feddema.

Proaza

It koarte ferhaal is diskear fan Greet Andringa. Ik klap aanst ek de laptop ticht, mar gean der leau ik net út. Soe ik dat wol dwaan, dan soe de loft net fol stjerren stean.… Lês fierder

Steven de Jong en Trinus Riemersma oer Het asbakje fan Bauke de Jong

logo.ensafh

By Utjouwerij Perio fan Willem Winters is koartlyn in nijgjirrige útjefte ferskynd, Het asbakje, in tekst (Nederlânsktalich) fan Bauke de Jong, dy’t er sels op 30 maart 1965 foar de RONO (Radio Omroep Noord en Oost) foarlêzen hat. Willem Winters hat de útjefte út de papieren fan Bauke de Jong opfiske dy’t berêste by Tresoar. Bauke de jong feroarsake yn 1965 in rel yn de Fryske literêre wrâld doe’t er E.B. Folkertsma, ien fan ’e âlde helden fan de Fryske literatuer,  oanpakte om’t dy yn syn eagen yn 1938 yn De stim fan Fryslân in rige artikels publisearre hie mei rjochtse, antisemityske ideeën.… Lês fierder