Hindrik Wiebe Rinzema

Easy rider

logo.ensafh

Oer Meksiko besteane in soad foaroardielen. Sa wurdt der wolris sein dat de minsken dêr ride as healwizen en dat de plysje foar in pear sinten dyn bêste maat is. It earste kin ik út eigen ûnderfining befestigje, it twadde ha ik allinne yn it nijs sjoen, mar wol kin ik sizze dat se soms wat te behelpsum binne.
Hjir yn de stêd hast alle dagen de situaasje dat in pear hûnderttûzen minsken harren op itselde momint ferpleatse wolle, de measten ha gjin eigen ferfier, en dêrom ha we hjir in soad bussen. Wêr’st ek komst, der binne altyd wol bussen en hoechst nea langer as in pear minuten te wachtsjen foar de folgjende.… Lês fierder

Jelma Knol

Sinjalemint Oer it wetter

logo.ensafh

Mei Gods segen Oer it wetter

Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij, is in sympatyk, want demokratysk projekt. Tryntsje van der Veer stalde de dichtbondel mei fersen oer it wetter gear, der sit in cd by mei foardrachten en muzikale útfierings, moai byldwurk en foto’s yn it boek meitsje de totaalerfaring kompleet.

It sympatike en demokratyske fan dit projekt sit him yn de gearwurking tusken amateurkeunstbeoefeners en profesjonals, ek yn de muzyk. In skaaimerk fan projekten lykas Oer it wetter is ûnder mear dat se in royaal poadium biede oan froulike poëzybeoefeners. Yn blomlêzings út de offisjele Fryske literatuer binne dichteressen faak fier yn de minderheid.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Alder, allegear wer nije titels op ’e merke. Us eigen redakteur komt mei de yntrigearjende titel Kristus Pavlov op ’e proppen. Ofrûne saterdei is de bondel presintearre yn Britswert, tegearre mei Granytglimkes fan Elmar Kuiper. Der falt wer wat te lêzen, mei oare wurden.
Dat begjint al mei dizze ôflevering, omdat in fraachpetear fan Hedwig Terpstra mei de hear Kuiper hjir te lêzen falt, mei gedicht. Oer fjirtjin dagen komt der in fraachpetear fan deselde Terpstra mei de hear Van der Wal.

Dat sa.

Poëzij

Dus it gedicht fan Elmar Kuiper.
En Piter Boersma giet moai troch mei syn rige ‘by it…’.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Maartje en Arabella

logo.ensafh

Ik bin in grut leafhawwer fan klassike muzyk, dêr meitsje ik gjin geheim fan, al is it fansels, krektlyk as de Fryske taal, net cool. Ik haw dus in dûbele handikap. No hat ús lân, wat de publike omrop oanbelanget, al sûnt 1975 in klassike stjoerder: Radio 4, it eardere Hilversum 4. Ik mocht der altyd graach oer. Sûnt in jiermannich wurdt it beharkjen fan dizze stjoerder my hieltyd dreger makke, en dat komt troch wat ik graach mei in slim, bûtenlânsk wurd Verblödung neam: jo moatte foaral net te djip dolle. Dat hâldt dus yn: gjin komplete stikken mear draaie, flauwe radiospultsjes en, ik doar it hast net op te skriuwen: Maartje van Weegen.… Lês fierder

Jelma Knol

Ald jaske

logo.ensafh

It Frysk is krekt in âld jaske, foar yn hûs, de keuken en de tún. Der komme hieltiten mear gatten yn, mar wy smite it noch lang net fuort. Wy hâlde sa fan dat âlde jaske, it sit sa lekker en rûkt hielendal nei ússels. Soms laapje wy it wer even op: wat ekstra stevich jern om de naden byinoar te hâlden en nije stikjes lear op de earmtakken en dan giet it jaske wer jierren mei. Mar net nei offisjele gelegenheden, fansels.

Ea – noch net iens sa lang lyn – wie der in ideaal: it Frysk is in folsleine taal, gaadlik om te brûken foar alle ûnderwerpen en yn alle fermiddens: thús, op skoalle, yn de polityk en de wittenskip.… Lês fierder