Anne Feddema

De bûtertosken fan Superman

logo.ensafh

 

Ék ús superhelden
Wienen ea lyts
Batman, Spinneman
Superman, neam
Mar op de hiele hannel
Batman, Spinneman
Oerkaam it letter
Yn har libben
Superman waard
Gewoanwei sa berne
Mei ûnferwinlike krêft
Ruften bûtenierdske
Kearndampen
Kryptonrook
By de earste
Bûtertosken
Superjoktetoskfleis
Oeral op kôgje wolle
Pleechâlden dy’t net
Fatsoenlik mear
Oan ’e itenstafel
Sitte koenen op
Stuollen sûnder poaten. … Lês fierder

Duo von Däniken

Unyk multykultureel gearwurkingsprojekt LF2018

logo.ensafh

Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 wiene de ferneamde Tibetaanske goeroe Sogyal Baklama en syn jongste soan ferline wike yn Fryslân foar in geheim konsert, tegearre mei de slachwurkers en it koar fan it NNO. Sietse Prûmsma wurke ek oan it konsert mei, Prûmsma makke fûgellûden, sa’t allinnich hy dat kin. Koartsein: in unyk konsert, dêr’t Duo von Däniken opnamen fan makke hat.

Lês fierder

Anne Feddema

Ars Helvetica, Musica Sacra

logo.ensafh

De iene nei de oare berch yn Switserlân, in friesgrafyk fan haaietosken. It suver, té kreaze jodela-E.T.- lân, dêr’t je mar komselden in fertutearze wente of sels mar bargehok tsjinkomme. Jo eigen Kuifjekollumnist AHBF út L. wie dêr dus. Ik haw mysels opoffere foar de goede ensafh-saak en gong mei mei in organisearre groepsreis fan de hillige Sint Peter Langhout. Mei dy ûndernimmer reizgje is altiten bysûnder en aventoerlik, want je witte nea wat jo krije sille foar je jild. De iene kear sliepe je yn ’e djoerste hotels en keamers; twa oernachtings dêr, betelle as bûten-in-groep-reizger, binne dan al de helte fan it hiele reisbedrach, tsien dagen fuort op basis fan healpensjon.… Lês fierder