Willem Winters, Anneke van Renssen

Skyngehak/Fleis

logo.ensafh

Skyngehak

Bliuwt der by it iten fleis oer dat fuortsmiten wurdt, of der falt by it tameitsjen in stikje spek op ’e flier, dan tink ik altiten: ‘Skande, dêr hat de baarch him foar opoffere.’ Dat is wat oerdreaun fansels, mar net ûnwier. De fraach is, mei hokker rjucht ik in dier op yt. Kannibalen twifelen net oer harren itensfoarsjenning. Want wat is der no noch lekkerder as minskefleis? En wêrom soe it net meie?
Dat is in frjemde kwestje, sa as de rjuchtsaak tsjin Armin Meiwes, de kannibaal van Rotenburg sjen liet. Hy iet in man op dy’t him frijwillich by him melden hie.… Lês fierder

Skermer

Bloed oan ’e hannen

logo.ensafh

Bloedmetalen. Kobalt. Coltan. Mobyltsje. Kongo. Jild. Bloed oan ’e hannen.

Oalje. Auto. Irak. Jild. Bloed oan ’e hannen.

Himp. Untspanning. Afganistan. Jild. Bloed oan ’e hannen.

Ideology. Macht. Pakistan. Bloed oan ’e hannen.

Ras en nasjonalisme. Grinzen. Palistina. Bloed oan ’e hannen.

Godstsjinst. Hearsksucht. Midden-Easten, Noard-Afrika. Bloed oan ’e hannen.

In ryk libben.

In maklik libben.

In soargeleas libben.

In frij libben.

In feilich libben.

In himelsk libben.

Oarloch!

Der moat bloed foar floeie.

Dines leafst net.

De minske. De wrâld.

Bloed oan ’e hannen. … Lês fierder

Geart Tigchelaar

Fragmint besprek Rêdbâd

logo.ensafh

Mei Rêdbâd – Kronyk fan in kening hat Willem Schoorstra syn ‘magnum opus’ skreaun. De skriuwer dy’t yn Ternaard wennet, debutearre mei in dichtbondel Ynwijing (2001). Twa romans, Swarte Ingels (2004) en De Ofrekken (2007), en in ferhalebondel, Berjochten út Babel (2002) letter is Schoorstra no kommen mei in mânske histoaryske roman dêr’t de romrofte lêste Fryske kening it haadpersonaazje fan is.


De earste sin fan it boek is masterlik: ‘Ravens roppe in nije dei yn it ljocht; har skrille gjalpen kleauwe de slomme.’ Foarst is de sin skreaun yn prachtige poëtyske taal dêr’t âlde tiden yn spegelje troch de wurdkar mei ‘kleauwe de slomme’.… Lês fierder

Hindrik Wiebe Rinzema

San Isidro

logo.ensafh

Sa no en dan hat men fan dy dagen wêrop’t men leaut dat religy en it waar oan inoar relatearre binne. Sa ha in soad minsken it idee dat der altyd in wite kryst wêze moat. No ha we dat fansels lang net alle jierren, en hjir yn Meksiko wie it in fiifentweintich graden, mar dochs fersiere se de boel hjirre mei nep krystbeammen en snie. Ik bin gjin leauwich man, mar dochs komt it foar dat it waar him nei it leauwe foeget.
Sa ha se hjir yn de katolike wrâld foar sa’n bytsje elke dei in hillige, en ek elk doarp of wyk hat syn eigen hillige.… Lês fierder