Geart Tigchelaar

koalysje

logo.ensafh

jiskebakken lege yn iepen hollen
spikers spatte út eagen sêfte hannen
balje ta knotsen slane de tafel oan grom
poarjes sûgje focht út flessen wei
finsters hingje út it lead troch in bûgel yn
gelid hâlden mar dêr is it ek mei sein

út it dakrút wei wurde wy roppen ta in heger doel
‘wy kinne ite’ mar wolle oars net as in skeet
om’t wy blastich binne fan ússels en it praat
dat op neat útdraait mar ús al byinoar hâldt
want alle koheezje bestiet út kommunikaasje
mei reekritueel en muzyk troch alle jûnen oant
de kop tebrutsen falt op de oerloop
‘dat wurdt skrobjen’ hie se noch sein… Lês fierder

Cornelis van der Wal

De trochbraak

logo.ensafh

Nei oanlieding fan it ferstjerren fan in wichtich Frysk skriuwer, yn dit gefal Trinus Riemersma, waarden de ôfrûne dagen ferskate deskundologen om in reaksje frege. Foarsafier’t ik it lêzen haw toande elkenien in soad respekt en wurdearring foar de literêre gigant út Frentsjer. Ien útspraak foel my op, ús literatuerbefoarderer hie it foar de televyzje fan Omrop Fryslân oer de altyd útbleaune trochbraak fan Riemersma yn it Hollânske taalgebiet. As reden neamde de literatuerbefoarderer it feit dat Fryslân troch lju fan bûten ús provinsje sjoen waard as in idyllysk gebiet, en de boeken fan Riemersma soene dat byld fersteure. Dêrom waarden syn boeken amper ferkocht bûten Fryslân, sa miende de literatuerbefoarderer.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Alderbalder, dat wie tige slagge ôfrûne saterdei yn Poppodium Romein. Goede opkomst, goede dichters en goede muzyk. No, wat wol in minske noch mear? Wy, as organisaasje, binne oer alle boegen tefreden mei it alhiele ferrin.
Op de side stiet al it ferslach fan Hedwig Terpstra mei foar dejingen dy’t it misse moasten, in soarte fan ympresje. Ek foto’s en in filmke.
Takom jier wer…? Om de wurden fan Hedwig oan te heljen: “Dat sjogge we dan wol wer. Dit ensafheest is yn elk gefal tige slagge!”
Hjir earst mar wer in digitale ensafh.

Poëzij

Iksels kom mei it gedicht koalysje.… Lês fierder

Piter Boersma

In memoriam Trinus Riemersma

logo.ensafh

Trinus Riemersma: in libben foar de literatuer en ‘ik kin net oer gedonder / mar ik kin der noch minder sonder’

Mei it hinnegean fan Trinus Riemersma hat de Fryske literatuer in skriuwer ferlern dy’t kompromisleas kritysk en polemysk yn ieren en sinen wie, mar mei syn feilleas gefoel foar humor en stilistysk fermogen de lêzers foar him wûn. Mei it skriuwen gong it him earne om – krityk op maatskippij, polityk en tsjerke, syn literêre tsjinstanners, op wat yn syn eagen net goeie literatuer wie – by literatuer gong it him te’n djipsten net om ferdivedaasje, mar hoe’t er de dingen opskreau dat wie klearebare literêre skientme en men koe jin by syn skriuwsels de bûsen útskuorre.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

ensafheest grut sukses!

logo.ensafh

Imke Hooijenga iepenet sneontejûn 12 maart it grutte ensafheest yn Romein yn Ljouwert. ensafh wol mei dit feest jongerein mear belûke by de Fryske literatuer. Acht dichters en twa hurde bands trede jûn op. Om 20.00 oere binne der al aardich wat minsken binnen, en geandewei de jûn wurdt it lekker drok. Der hinget in goede sfear en ja, der is ek aardich wat jeugd.

Tsead Bruinja (1974) set út ein mei in oersette tekst fan Bob Dylan, ‘Blues fan it Fjoer’:

Der baarnt my wat yn `e kop, ferdomme
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Der baarnt my wat yn `e kop, ferdomme
Neffens my baarn ik ik hielendal op
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Ja jong, ik stoarje wat dy kant út
nei de hurde grûn fan dat begraafplak dêr
stoarje wat dom dy kant út
nei dat kloate begraafplak dêr
It sjocht der oars aardich ferlitten út, ferdomme,
at dy sunige sinne einlikst sakket
It sjocht der oars aardich ferlitten út, ferdomme,
at dy sunige sinne einlikst sakket
Der baarnt my wat yn `e eagen, ferdomme,
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Der baarnt my wat yn `e eagen, ferdomme
Neffens my baarn ik hielendal op
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Der komt swarte reek omheech, ferdomme
It rikket my swart út ’e kop wei, swart út ’e kop wei
It rikket my swart út ’de kop wei heite,
swart út ’e kop wei heite
Freegje no dy rottige reade duvel mar
en meitsje myn stjonkende stjerbêd op
Freegje no dy rottige reade duvel mar
en meitsje myn stjonkende stjerbêd op
Der baarnt my wat yn ’e skonken, ferdomme
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Der baarnt my wat yn ’e skonken, ferdomme
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte

Tsead draacht krêftich foar mei driging yn de stim.… Lês fierder