Jacobus Q. Smink

Gers is myn koartsich libben

logo.ensafh

Op dizze tel fan in fraksje tink ik net
langer as noadich nei en jou oan dy
alle krèdits en de koades der op ta.

Of, meist yn alle keamers komme,
langer yn ‘e bûnte kasten omtize, ek
al hast earder sein: Soks doch ik net.

Myn laadsjes mei in see oan ynfo,
al dat konkrete oan sinnen, leit no
my abstrakt bleat; it filearmes fan
Mamma Mia fiket my finaal út en dan

as skeletrak hingje ik hjir út ‘e liken.
Mei skernierpine en sa, mar dy haw
ik aldergelokkichstewei
al: Net dreame jonge, yt dyn pizza!

Grager, dat gers de dyk oer stekt
ris, in kuierke fan ús en do my wiist
alle kûltsjes dêr’t w’ yn lizze koene.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

foaropwurd

logo.ensafh

Wer in redaksjegearkomste hân en dêrby de kopij trochnommen sadat der wer in nij foarriedsje op de planken leit om de digi te foljen. Ek dizze kear koe it wer minder, al sis ik it sels.
En al ús lêzers witte no grif dat op 12 maart it saneamde ensafheest plakfine sil yn Poppodium Romein te Ljouwert. Noch mar efkes wat reklame, want dit is de lêste digi foar dat feest. De twa bands New Killer Stars en de Hûnekop fersoargje de muzikale noat. Fierders hawwe wy de dichters: Hidde Boersma, Tsead Bruinja, Sytse Jansma, Sigrid Kingma, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar.… Lês fierder

Ulke Brolsma

Fermoardzje en yn stikken snije

logo.ensafh

‘Ik haw har fermoarde en doe yn stikken snien.’ Op de televyzje is in âld man oan it wurd. Griis hier en it boppeliif bleat. Hy hat syn pakesizzer krekt fermoarde en is der grutsk op. Sy woe mei immen fan har kar trouwe. Soks kin yn Yndia net. De famylje makket út wa’t mei wa trout. Immen dy’t him der net oan hâldt, wurdt ferstjitten of fermoarde. Ik haw mear fan dat soarte berjochten lêzen. In heit hinget syn soan oan it balkon, sadat elkenien it mar sjen kin. Noch sa’n heit mei alle leafde foar syn bern, fermoarde syn dochter en stuts it liif doe mei help fan benzine yn de brân.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Ivoaren toer yn it meanfjild

logo.ensafh

It is in diskusje dy’t allegeduerigen weromkomt: moat in aspirant dichter earst de skiednis en de technyk fan de dichtkeunst bestudearje, foar’t er sels de guozzefear of laptop brûkt foar syn poëtyske uteringen?
Yn de skilderkeunst, de musikology en de arsjitektuer is sa’n stúdzje fanselssprekkend en yn it ferline wie soks foar it dichtsjen ek de gewoanste saak fan de wrâld. Yn de jierren sechtich fan de foarige ieu is it oansjen fan de poëzij lykwols folslein ferpest troch de demokratisearringsbeweging. Hiel goed oars, dat dy beweging bestien hat wat de politike- en arbeidsferhâldingen oanbelanget. Mar keunst is net demokratysk.

Ik behein my mar efkes ta de Hollânske en Fryske literatuerskiednis.… Lês fierder

Willem Winters

De bisonbolle fan Herman Hana

logo.ensafh

Jo hawwe sa’n tritich, fjirtich siden ta jo foldwaan om eat te sizzen oer de skientme yn ’e skilderkeunst. Te min romte tink?
Yn it boekje De schoonheid in de Schilderkunst (út de rige Libellen, mei as motto Met een boekske in een hoekske, 1936), slagget Herman Hana (1874-1952) dêr wol yn.
Hana wie keunstskilder, tekender, reklameûntwerper en hy fersoarge boekbannen foar de WereldBibliotheek. Yn koart bestek wit er hiel wat sinnige dingen te skriuwen. Dêrby hat er in mjitlatte útfûn, dy’t superfluch oanjout oft der yn in bepaald gefal ja dan nee sprake is fan skientme.

Plaatsje 1 toant in stjerrende bison, in foarhistoaryske grottekening.… Lês fierder

Josse de Haan

De Groene imiteert PVV-cultuurafbraak

logo.ensafh

DE GROENE IMITEERT PVV-CULTUURAFBRAAK
of hoe domme arrogantie de pvv in de kaart speelt

Over Yasha Lange, redactiechef De Groene, met zijn Die andere minderheden (De Groene van 17 februari) heb ik mijn twijfels. Lange ziet geen verschil tussen de nieuwe (andere) minderheden en de eeuwenoude Friese minderheids- taal. Die andere minderheden spreken nauwelijks of slecht Nederlands, de oude minderheid (Friestalig) is ook Nederlandstalig.
Ik ben opgegroeid in het Fries, heb Nederlands gegeven op een RSG, schrijf nu Friese en Nederlandstalige literatuur, en leef in een zevental Europese talen in Zuid-Frankrijk op de Spaans-Franse grens. Die talen horen bij de regenboog van taalkleuren die Europa rijk is.… Lês fierder