Elmar Kuiper

myn systeem

logo.ensafh

in swalker yn ljouwert

by it stasjon woe jild
fan my ha om’t er
my noch koe fan frjentsjer

myn systeem
myn systeem wie net gek

dy swalker hoegde
gjin mars út ’e automaat
hy woe yn de terp oernachtsje

ik koe net wachtsje
en hie fansels gjin sint

dy swalker seach my twa tellen oan
mei de eagen fan saturnus en rûn
doe fierder as michael jacksons moonwalk

hy woe fansels skoare

myn systeem
myn systeem hie honger as in hynder… Lês fierder

Bay Juyi (Po Chü-i), Piter Boersma

ynspiraasje

logo.ensafh

sûnt ik de swiere wei fan de leechte gean
ferdreau ik alle soargen út myn bestean
de duvel fan de dichtkeunst koe ik net oer
moanne en wyn blaze noch altyd yn ’t fjoer

Oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Bay Juyi libbe fan 772 oant 846)Lês fierder

Hedwig Terpstra

Sobere foarstelling fan ‘De Fryske Toppers’ yn Kleasterkapel Sibrandahûs

logo.ensafh

Foar de grap waard it nije trio Jankobus Seunnenga (ûnder mear bekend fan Kobus Gaat Naar Appelscha en Pigmeat), dichter Tsead Bruinja en dichter/sjonger Meindert Talma ‘De Fryske Toppers’ neamd. Dit trio trede snein 16 jannewaris 2011 foar it earst yn dizze gearstalling op yn de Kleasterkapel fan Sibrandahûs.

Alle trije klaaid yn it swart passe se goed yn de sobere ambiânse fan de Kleasterkapel. Foardat de hearen út ein sette freget Bruinja oft elkenien yn it publyk Frysk ferstiet. Ien jout oan gjin Frysk te ferstean en Bruinja sil fierder yn it Nederlânsk. ‘Foar dy iene frou?’, freget Meindert Talma.… Lês fierder

Yuan Zhen, Piter Boersma

krysanten yn bloei

logo.ensafh

sjoch dy hjerstblommen – it jier is al hast wer rûn –
by it sket lâns yn it lêste ljocht fan ’e jûn
net dat ik se fier boppe oare blommen set
mar nei harren bloei is it foar noch ien te let

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Yuan Zhen libbe fan 779 oant 831.)Lês fierder

Anne Feddema

Wy hawwe Syn logo sjoen ( Widzesankje Sanctorum )

logo.ensafh

Der kamen knakkers
Ut it Easten wei rûn
Hja wienen healwizers
Mannen fan ’e klok
Hja sieten harsels
Foar de helte dan
Fjouwer en tweintich sân
Yn ’t sân yn ’t rûn
Ien fan ’e healwizers
Koe min oer kemielshier
En moast hieltyd
Trije kear prûste
Ek fan wijreek en mirre nammers
En oare swietrokige harssoarten
Dêrom gong er ek net mei
Yn ’e stâl te Bethlehem
Hy bleau bûten en seach
Omheech nei de stjer
‘It liket wol oft de stjer my ropt’
Tocht de healwizer
‘Ik moat gean’
Hy naam it goud (dat wol)
Mei en ferdwûn
De oare healwizers hawwe
Dit nea oan ’e Grutte Klok hongen
Mar ek gjin milisekonden
Wurden oan him wijd
It koe Us Healwizer neat skele
Hy wie stjonkend ryk
En gûlde tsjin de stjerren
‘Sis no sels, jimme dêro
Wat is ivichheid?’… Lês fierder

Anne Feddema

Maria en Maria

logo.ensafh

De strieljende ingel
Klaaid yn wjerljochtsklean
Wie mar wat grutsk op syn lea
Sittend op in grutte Stien
Rôle hy mei syn bondels spieren
It klonk as tonger
Twa froulju
Maria en Maria
Seagen it
En seinen:
‘Dat is in geef eksimplaar’
Hja kamen tichterby, foelen
Op ’e knibbels en omklammen
Earbiedich syn fuotten
‘Hy is fan my,’ sei Maria
‘Hy is fan my,’ sei Maria
De ingel klapperwjukke
Hommels fuort
Mar de Maria’s twa
Lieten net los
En seinen earst moarn
Tsjin de fûgels en letter
Goeie tsjin de stjerren
Wêr’t hja úteinliks
Bedarre binne?
Wa sil it sizze?
Aldergeloks binne
Der noch mear as genôch
Maria’s
Mar ingels?… Lês fierder