Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

It jier is wer hast ta syn ein. Dat betsjut dat de balâns opmakke wurde kin. Dit jier hawwe der 7 papieren nûmers fan ensafh it ljocht sjoen. It nije nûmer is krekt wer troch de bus fallen. Fan de digitale ferzjes is dit de 20e fan ’t jier en de 40e yn syn totaliteit. De 8e dêr’t ik it foaropwurd foar skriuwe mei. Al dy wapenfeiten mei op dronken wurde en de feestdagen dy’t foar de doar steane, jouwe dêr folop gelegenheid foar. Dan is it ek noch sa dat dizze edysje wat tsjokker is as gewoanwei. Ek wy hawwe efkes lins mei de feestdagen, 21 jannewaris is de earste wer yn it nije jier.… Lês fierder

Skermer

Nee, ik bin der net siik fan

logo.ensafh

Net mear reedride kinne. Is dat slim? Foar in reedrider wol. Wie ik in reedrider? Ja, ik mocht graach ride, it koe it ek aardich, alhoewol, nei santich kilometer stoarte ik yn, wylst dan de echten krekt op gong komme. Ik hoegde lykwols net alle dagen te riden, ik hoegde ek net as earste op it iis te stean. Winliken makke ik der gjin tiid foar frij, ik ried as it my útkaam. Ik bin der net siik fan dat ik net ride kin. Dat, wie ik in reedrider? Gjin fûleindigenien yn alle gefallen, gjin pasjonearre reedrider, net ien dy’t op it iis stean moast.… Lês fierder

Richard Brautigan, Piter Boersma

It natuergedicht / The Nature Poem

logo.ensafh

It natuergedicht

De moanne
is Hamlet
dy’t op in motorfyts
in tsjustere dyk
del komt.
Hy hat
in swartlearen
jek oan
en skuon.
Ik hoech
nearne
hinne.
Ik wol
de hiele nacht
ride.

(oersetting: Piter Boersma)

The Nature Poem

The moon
is Hamlet
on a motorcycle
coming down
a dark road.
He is wearing
a black leather
jacket and
boots.
I have
nowhere
to go.
I will ride
all night.… Lês fierder

Ane Bote Jukema

In sintsje

logo.ensafh

It wie in sombere dei
yn Boalsert,
griis en wiet en kâld,
wylst it stedsje
ornaris al
sa treasteleas is
yn de hjerst.
Lokkich
seach ik Beitske,
we fytsten elkoar foarby
op de Blaupoartsbrêge
en groeten elkoar.
Se striele
doe’t se my seach,
stiek de hân op
en rôp
myn namme,
as wie ik
har leafste.
Dat makke myn dei
wer goed. … Lês fierder

Elmar Kuiper

Linich

logo.ensafh

in frou makket har drok oer neat

it is in hiele keunst om jin
drok te meitsjen oer neat

de dei hat ommers altyd de blaai út ’e bek

in man tinkt:

as ik plan-út gnize wol moat
ik de bliere stofkes aktivearje
in ein fytse foar de moraal

grut nijs

dy man wol himsels mei de kombinaasjetange yn ’e earm knipe
dy frou wol harsels mei de wetterpomptange yn it wang knipe

wêrom

wolle dy man en frou de wrâld
begripe dêr’t de heksebile gûlt? … Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

De sinteklazedrokte hawwe wy wer hân. De flauwe grapkes dy’t sa’n hiele jûn oer en wer geane en dan ek nochris fan dy rimelerijkes dat men perfoarst aardich fine moat. Fakentiids wittelang mei kromme formulearringen om’t it hoe dan ek rymje moat. Wat is it dan in ferromming dat der wer in nije ôflevering fan de digitale ensafh ferskynt.

Poëzij

Elmar Kuiper skriuwt dat men jin dreech drokmeitsje kin oer neat. Somtiden is dat oars samar klear.
Ane Bote Jukema fytst troch Boalsert en komt mei in tapaslik hjerstgedicht. It is faaks mear in wintergedicht om’t Kening Winter sa ier syn yntree dien hat.… Lês fierder