Piter Boersma

Moai: nochris wer in Arthurroman oerset yn it Frysk

logo.ensafh

Klaas Bruinsma hat út it Middelnederlânsk wei de Arthurroman De roman van Walewein oerset. Hy hat dêrby gebrûk makke fan de yn 1957 besoarge útjefte troch G.A. van Es, dy’t it ferhaal de titel De jeeste fan Walewein en het Schaakbord meijoech 1). De titel fan syn oersetting hat Bruinsma oernommen út it iennichst bewarre folsleine hânskrift fan de tekst, dêr’t dy titel yn in oare hân letter boppe set is.

Walewein is ien fan ’e ferneamdste ridders fan kening Arthur syn Rûne Tafel. Hy giet troch foar de ealste en moedichste. Syn Ingelske namme is Gawain (Ned. Gawein). Klaas Bruinsma hat al earder oer in ferhaal gear west dêr’t Walewein/Gawein de haadpersoan yn is.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Sytse Jansma: ‘Ik mei graach boartsje mei de werklikheid.’

logo.ensafh

Sytse Jansma (Feanwâlden, 1980) die snein 24 oktober yn de Greate Tsjerke yn Poppenwier mei oan in middei fan it Literêr Sirkwy. Hy droech dêr syn nijste gedichten foar. Oare dichters dy middeis wiene Elmar Kuiper, Edwin de Groot en Aafke Koster. Mei har fjouweren ymprovisearren se op de muzyk fan Wiebe Kaspers en Rob du Jardin. De dei dêrnei ynterview ik Sytse yn syn moaie âlde kapteinswente yn it sintrum fan Harns. Sytse seit oer de foardrachten: ‘Ik koe de muzikanten hielendal net en we ha dus ek nea oefene. Ik fyn dochs dat de ymprovisaasje goed slagge is. It is soms ek moai om dwers tsjin de muzyk yn te gean.… Lês fierder

Richard Brautigan, Piter Boersma

It hynder dat in lekke bân krige / The Horse That Had a Flat Tire

logo.ensafh

It hynder dat in lekke bân krige

It wie ris op in delte
dat in knappe jonge prins
op in moarnsread hynder
mei de namme Hearestêd
fan de goudblauwe bergen kaam

Ik hâld fan dy
Do bist myn azemjend kastiel
Leaf sa leaf
Wy sille ivich libje

Yn de delte
wie in moaie faam
dêr’t de prins
fuort sljocht op waard
as in Nij Meksiko makke fan
appeltonger en lange
bêden fan glês.

Ik hâld fan dy
Do bist myn azemjend kastiel
Leaf sa leaf
Wy sille ivich libje

De prins betsjoende
de faam
en se rieden
op it moarnsreade hynder
mei de namme Hearestêd
rjochting de goudblauwe bergen.… Lês fierder

Anne Feddema

Wij komen aan in Sint-Niklaas

logo.ensafh

Ik gong nei Machelen om it grêf te sjen
It grêf fan Gerard Reve
No wie dat net de wiere reden
(Mar it begjin is foar yntertekstuelen)
Yn ’e trein Antwerpen-Gent
Sittend op in bonkehurde bank
Tocht ik oan myn Flaamske Frienten
En in skomjend Bolleke
Bûten rûn Dulle Griet
Mei restanten fan Schalulleke
Yn stiltme lies ik in
Opljochtsjend skerm
‘Wij komen aan in Sint-Niklaas‘
België altyd oars as oars
By ús komt Sinteklaas earne oan
Ik krige nocht yn Maes
En dan fuort in liter
En dêr einlings… gau derút
Stasjon Gent St-Pieter
Middeis ha ik dan dochs it grêf sjoen
It grêf fan Gerard Reve
It lei der as in swarte monolyt
Iensum yn it snústerich waar
Ik hearde :
‘Weidzje myn lamkes’
‘Hoedzje myn skiepkes‘
Ik seach omheech
Stoep op it grêf
It klonk leech
Uteinliks kaam ik dochs
Noch oan myn gerak
Nei Westmalle, Corsendonk
Verboden Vrucht en in
Pauwel Kwak

En it ein fan dit relaas
Ik doch dit jier wer ris oan
Sint-Niklaas.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn it foaropwurd fan de sechde papieren ferzje fan ensafh fan dit jier skriuwt Imke Hooijenga dat it winterseizoen útnoeget om smûk mei in boek sitte te lêzen.
Ik bin it folslein mei har iens en heakje dêr graach noch wat oan ta. Want wat is der noch smûker as in boek? Justem, wannear’t yn de fierder tsjustere keamer de kompjûter of laptop opljochtet op in reinige freedtemiddei. It wurk is dien, it wykein stiet foar de doar en… de nije digitale ensafh is út! Foar iten noch in buorreltsje, in kearske oan en súntsjes sûzet de kompjûter jin yn in oare wrâld fan poëzij, proaza, kollums ensfh.… Lês fierder

Willem Winters

De Vestdijk-man

logo.ensafh

Ut in neilittenskip krige ik sa’n 70 boeken fan Simon Vestdijk. No hâld ik net sa fan Vestdijk, dus wat moast ik mei safolle boeken?
Ik set se mar op Marktplaats. In dei letter komt der in mail binnen fan in man dy’t € 20,- biedt en se fuortendaliks ophelje wol. Dat is my te min. Lit se dan mar stean.
As twadde meldt him in man dy’t alles wol hawwe wol, mar de priis is him te heech.
We hantsjebakke digitaal en komme út op 65 euro foar 26 boeken, dêrby 6 hardcovers. En se binne allegear noch moai.

Fan ’e middei soe er delkomme.… Lês fierder

Himke de Jong

Smycht

logo.ensafh

Sybren Pimpel
hat my op syn begraffenis
raar te pakken hân

yn ’e deadskiste
hie er de bek heal iepen
en seach my troch spleetsjes oan

as woe er sizze –
ienris leisto der ek sa by

godferdomme,
ik krij de kop fan dat lyk
net mear út ’e harsens al is ’t noch sa

sels ûnder it neuken
bliuwt er my oansjen,
de smycht… Lês fierder