Un matrimoni / In houlik
Un matrimoni
L’home és enterramorts;
la dona, llevadora.
Han fet créixer cinc fills.
A cap no el va assistir sa mare
– que s’escarrassava a parir.
Tots dos esperen
que cap dels nois
no requereixi mai
els oficis del pare.
Amb totes dues mans compon la dona
un clot ben ample: un bressol buit.
Hi podria dormir sencer un nadó.
Amb la paleta pastosa de guix,
el pare, un cop més, segella una tomba.
No es fa càrrec que allà dins, rere el marbre,
hi pugui cabre res de tan gegant
com el cosset d’un nen parant la fosca.
Ut: Diari d’un setembrista (2007)
In houlik
De man is deagraver;
de frou, baakster.… Lês fierder
MonovonDäniken en de humanoïde
Besprek ‘Grûntonger’ fan Nils-Aslak Valkeapää
By útjouwer Wijdemeer is koartlyn in frijwat unike bondel ferskynd mei gedichten fan Nils-Aslak Valkeapää (1943-2001); in Sami multymedia artyst. Oersettingen nei it Frysk en it Nederlânsk en bondele yn in prachtige útjefte. It sil grif dat de measten de namme fan Nils-Aslak Valkeapää net folle seit. De dichter is berne yn Finlân en hat op lettere leeftyd de Noarske nasjonaliteit oanfrege. It wengebiet fan syn folk de Sami leit yn Noarwegen, Sweden en Ruslân en lûkt him net in soad oan fan keunstmjittige lânsgrinzen. Valkeapää folge in learare-oplieding yn Finlân. Net mei it doel om dêr wat mei te dwaan, mar de fakken yn dy oplieding, dêr gie it him om.… Lês fierder
Ynhâld en redaksjoneel nûmer 1, 2026
fata morgana
net alle rivieren streame nei see
jou my dyn hân en lit ús opdrûgje
yn in kâlde woestyn, ferbaarn
de skippen achter dy
yt de bôle fan juster op
de skaal fan it eagenblik
it is net it snijen dat sa sear docht
mar it iepenhâlden fan de wûne, kom
ming dyn read troch it swart-wyt
bewarje net mear bang it
fjoer fan hjoed kin moarn
ek wol fonken jaan
guon sizze dat dêr moed
foar nedich is oaren
sprekke fan in yllúzje
ik neam it lok
Pyromania! Fjoer jaaaa
Einlings – nei ûngefear fyftjin jier – hat de reklame dêr’t Kate Winslet yn seit: ‘you’re worth it’ fet op my krigen. Ik keapje allinnich net de krêm dy’t se oanpriizge, want hokker krêm oft dat is, bin ik wer fergetten.
Nei’t ik lêsten noch boarstfiedings-bh’s yn myn kleankast ûntduts, wylst myn dochterke yntusken al wer sân jier is, besleat ik mysels te traktearjen op in pear echt moaie nije bh’s. En as ik tink oan echt hiel moaie bh’s dan tink ik oan Marlies Dekkers en dat is allegear wer de skuld fan skriuwster Heleen van Rooyen. Madam Dekkers is nammentlik ‘dintsjes’ mei Van Rooyen en miskien binne se sels wol soulmates yn harren seksuele frijfochtenheid, en dêr ha se in soad oer praat yn de media.… Lês fierder
… 

