Gabrielle Terpstra

Desimberjûn

logo.ensafh

 

 

 

Winterleafhawwer Gabrielle Terpstra sjocht yn ’e maaityd mei mankelikens werom op de feestdagen…

Desimberjûn

Dûmny Ypma sil de krystbeam oanstekke
It wie twa jier lyn de grutste krystbeam fan hiel Fryslân
Wat wiene wy Frjentsjerters grutsk
Mar in pear dagen letter kaam it op de Omrop
Der wie yn de provinsje ien dy’t krekt twa sintimeter grutter wie

Dus op dizze desimberjûn gean wy foar de moaiste
Wy genietsje fan Gluhwein en
Hooplik komt der gjin min nijs
Dat wy de op ien nei moaiste hawwe
Dat der ien is dy’t krekt twa tinten moaier is
In nóch grienere strûk

Yn Fucking Donkerbroek… Lês fierder

Gabriëlle Terpstra

Dichter Hindirk Hannema ferstoarn

logo.ensafh

Dichter, ‘zijne meerendeels meesterlijke majesteit’ Hindirk Hannema is ferline wike ferstoarn op syn 33e.
Ik learde Hindirk kennen by Ixta Noa, in ynrinhûs dêr’t wy beide kamen.
Hindirk wie in grappige ferskining dy’t faak op freed efkes delkaam, dan hie er in pear liter rauwe molke op ’e merk kocht by Leen út Jouswier.
Hindirk hâlde fan sporten, hy die yn dy tiid oan Gladiatortraining en karate by Robert Akse en dêrfoar moast er fansels goed om syn iten tinke. Dat iten wie ek in ynspiraasjeboarne foar syn poëzy. It makke him lilk dat der safolle net sûn iten wie.

Hindirk brocht my op in stuit yn ’e kunde mei poëzy.… Lês fierder

Gabriëlle Terpstra

BLOEI I

logo.ensafh

Sûnt desimber wenje ik wer yn Frjentsjer, in stêd dêr’t ik ea opgroeide ta betiisde.
In stêd dêr’t ik, doe’t ik jong wie, hiel graach wei woe.
Ik hie in grutte winsk om fuort te rinnen. Dit fuortrinnen wie foar my de ultime fantasij.
Ik soe dan nei it bûtenlân gean. Gjin idee wat ik dêr dwaan soe, want ik hie fierder net folle ambysjes, útsein fuortrinne. Dat wie dan ek it belangrykste.
Op in stuit hie ik fia it ynternet sels in pedofyl, dy’t sabeare yn Amearika wenne, safier krigen om my oerfleane te litten. Myn nicht mocht ek mei, dy woe nammentlik ek altyd fuortrinne.… Lês fierder

Gabriëlle Terpstra

Wurd för Wurd: Yn petear mei Joël Hut

logo.ensafh

Joël Hut presintearre ôfrûne simmer syn twadde bondel wurd för wurd för wurd yn kafee De Gouden Leeuw. Om it ris goed oer dy bondel te hawwen, tref ik him hjoed wer yn dit kafee.

Joël Hut, dy’t eins Joël Huitema hjit, mar de namme fan syn freondin oannaam as skriuwersnamme, waard berne yn Sint Nyk, syn âlden komme út Gaasterlân. Hy is opgroeid mei it Súdwesthoeksk, de taal dêr’t er ek yn skriuwt.

Op syn fyftjinde krige Joël te meitsjen mei mentale problemen, by syn herstel dêrfan gong er op ’e syk nei in hobby sadat er rêst en ûntspanning ynbouwe koe yn syn libben.… Lês fierder